Rekôrtal diskes op Boeremerk yn Wâldsein

augustus 24, 2022 19:58

Tongersdei 25 augustus stiet in rekôrtal merkkreamkes op ’e Boeremerk yn Wâldsein. Mar leafst 39 diskehâlders komme dan nei Wâldsein om mei te dwaan oan de bekende Boeremerk. Yn totaal wurde fan ’t simmer op sân tongersdeis Boeremerken organisearre.

Foto: Thea de Jong

Moarn is alwer de sânde en lêste merk op tongersdei. Op ’e merk binne in protte farske streekprodukten en oare ferrassende (kado)artikels te finen. It is in merk mei sawol iterij as oare en bysûndere artikels. De goed besite en foaral gesellige merk wurdt yn it sintrum fan Wâldsein holden, deunby de passantehaven, de supermerk en it doarpshûs. De merk is fan 11.00 oant 17.00 oere.

Foto: Thea de Jong

It is in moai útstapke foar de hiele húshâlding. Op ’e merk kin men nammentlik ek terjochte foar in iisko, pofferkes of oar snobbersguod. De merk is te kombinearjen mei in koarte kuier troch it âlde part fan it doarp. Dêr binne de smelle gloppen, moaie strjitsjes, mûnen en tsjerken te ûntdekken.

Mear ynformaasje is te finen op www.welkominwoudsend.nl/boerenmarkt.

Dronebyld: Maurits Vinke

augustus 24, 2022 19:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.