Programma Into The Great Wide Open 2022 folslein

augustus 18, 2022 09:38

Mei it taheakjen fan trettjin nije nammen oan it muzykprogramma is it affysje fan Into The Great Wide Open 2022 folslein. Njonken muzyk is der in protte romte foar keunst, film en kolder, en is it kulinêre oanbod in wêzentlik ûnderdiel fan de festivalûnderfining. In nij poadium biedt romte foar oanstoarmjend talint en der wurde wichtige stappen nei in klimaatpositive festivaltakomst set.

Boarne: Into The Great Wide Open

Programma
Om troch it wiidweidige programma navigearje te kinnen, wurde besikers troch fêste festivalgongers en muzikanten mei harren tips holpen.

Muzyk
De soele r&b-stim fan de Amsterdamske Cero Ismael, it foar dûnsjen garant steande Franc Moody, firtuoas selliste Maya Fridman, it op Flylân ûnstiene selskip Public Relations, Ramses 3000 mei in Frânske dichter en in rapper út Sierra Leone, Ganeesk kollektyf Santrofi, de snoeihurde punk fan SONS, Belgyske belofte The Haunted Youth, retro ynspirearre rockband The Heavy Heavy, it dûns- en sjo-orkest fan Thijs Boontjes en dj’s Ajuma, Menno de Meester & DJ Prima en Pieter Jansen waarden as lêsten oan it muzykprogramma taheakke.

It folsleine muzykprogramma bestiet dêrmei út:
Ajuma / Asa Moto / Baby’s Berserk / Balimaya Project / Banji / Black Country, New Road / Bnnyhunna / Burning Fik presents: Grand Gala du Fik / caroline / Cassandra Jenkins / Cero Ismael / Charlotte Adigéry & Bolis Pupul / Christian Lee Hutson / Cloudsurfers / Coco María / Coloray (live) / Cymande / Ducks Ltd. / Durand Jones & The Indications / Elephant / Errol Linton / Franc Moody / Frenk de Slak / Froukje / Grace Cummings / Gurriers / Hef / ILA / Jungle by Night / Kathleen Frances / Katy J Pearson / Kids With Buns / Kika Sprangers / Quintet / King Hannah / Kokoroko / Lavinia Meijer / L’Impératrice / Los Bitchos / Lucy Dacus / Lynks / Maya Fridman / Menno de Meester & DJ Prima / Metronomy / Mychelle / Nana Adjoa / Nnelg / Pieter Jansen / Pigs Pigs Pigs Pigs Pigs Pigs Pigs / Porij / Public Relations / PVA / Ramses3000 (live) / Raymond van het Groenewoud / Roufaida / S10 / Santrofi / Sarah Meth / Sinead O’Brien / SIPHO. / SONS / Sports Team / St. Paul / Tami Neilson / Tamino / The Cavemen. / The Haunted Youth / The Heavy Heavy / Thijs Boontjes Dans- en Showorkest / Tim Knol & The Wandering Hearts / Togo All Stars / Toni Sancho / Tramhaus / Tropical Fuck Storm / WaxFiend / Working Men’s Club / Yīn Yīn / Yung Dada

It programma is in eigensinnige, kleurrike seleksje fan artysten út alle wynstreken: in tal aktuele grutte nammen, in fitale erflitter út België, inkelde âlde bekenden en tal fan jonge himelbestoarmers dy’t ta waaksdom kamen yn de tiden fan koroana en no sawol op it sportfjild stean as op it nije debutantepoadium yn de kûle by it Iepen Plak. Fermeldensweardich binne ek de optredens fan S10, Nnelg en Public Relations dy’t wurk presintearje dat mei de tichtplichten op it eilân kreëarre is.

Keunst en film
It tema fan it keunstprogramma dit jier is ‘Traces’. Yn ’e ôfrûne twa jier diene Sébastien Robert, Gabey Tjon a Tham en Marjolijn Boterenbrood ûndersyk nei de ferhalen fan it eilân. Amsterdamske makkers Maru Asmellash, Faouziat Biera Faous, Monai Nailah McCullough en Piet Langeveld sille as ienmalich gelegenheidskollektyf Vlieland in Color yn ’e breedte op ’e syk nei spoaren om te folgjen of just om efter te litten. Dat dogge se yn reaksje op it wurk ‘Guernica de la Ecologia’ fan Claudy Jongstra dat oant en mei it festival te sjen wêze sil yn ’e Niklaastsjerke op it eilân. Oare makkers kreëarje fisuele fiergesichten en echo’s, lykas Children of the Light, de koarte film Bogwaters fan Michiel van Bakel en de Komorebi’s fan Matteo Marangoni en Dieter Vandoren. En makkers Susanne Khalil Yusef, Ghita Skali en Sophia Bulgakova bringe elk op eigen wize persoanlike ferhalen en oantinkens yn kaart. Hoe is migraasje, diaspora en mienskipsgefoel, mar ek beweging en fergonklikens yn it hjoeddeiske tiidsgewricht te begripen? Hoe wurdt ús ferlet oan ferbining en de syktocht nei ús komôf of identiteit sichtber? Dy fragen binne ek liedend yn de wurken fan Charl Landvreugd en Joseph Wilson. Ta beslút giet de nijste lûdskuiertocht fan Evelien van den Broek mei it festival yn premjêre; in kuier dy’t jin – letterlik – trochgeand efterfolget.

Yn it filmprogramma wurdt op dat tema fierder borduerd, mei ûnder oare twa koarte film-kompilaasjes en The Grand Bizarre fan Jodie Mack. Fierder wurdt it no al histoaryske optreden fan Cymande op it sportfjild fierd mei de bysûndere dokumintêre Getting it Back: The Story of Cymande en mei de bêste natuerdokumintêre fan it jier Silence of the Tides net ûntbrekke.

Kulinêr
Op ’e terreinen is by de restaurants, itensweinen en ytgelegenheden in breed skala oan iten en drinken te finen. Dat wurdt dit jier servearre troch:
BAK / De Bierkantine / Bitter & Real / Bois / Baken Vlieland / Cantina Mobilé / The Dutch Weed Burger / Grapedistrict / De Kaasbunker / Karma / Min12 / Mirrour Soup Kitchen / Molina / Mr. & Mrs. Watson / Paal 50 / Peperwortel / Rising Moon / Sergeant Pepper / The Village / Wads Smaakhuus / Wat de fiets schaft / Wood / Yalla Yalla / Yoigokochi / Yum Saap / De Vlielandse Zeebaas / Zijpe Stijl

Besikers wurde oantrune om grien nei Flylân te reizgjen. Under de neamer ‘De Goede Reis’ betelje alle besikers € 5 taslach op in festivalkaartsje. Slagget it om duorsum nei Flylân te reizgjen, dan wurdt de taslach yn bartegoed werombetelle. It oare budzjet wurdt brûkt foar it fossylfrij meitsjen fan de boatoertocht foar elkenien (mei brânstofferfanging) en it opromjen fan restútstjit (mei natuerlike koalstofopslach).

Sjoch op intothegreatwideopen.nl foar mear ynformaasje.

augustus 18, 2022 09:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.