Prinsessehof presintearret films fan priiswinnende Alexandra Engelfriet

augustus 20, 2022 08:24 Fernijd

Fan 10 septimber 2022 o/m 9 april 2023 presintearret Keramykmuseum Prinsessehof yn Ljouwert de útstalling Van Achterberghpriis 2022: Alexandra Engelfriet. Dit jier waard frou Engelfriet (1959) eare mei de Van Achterberghpriis foar har hiele oeuvre en yn it bysûnder har útfieringen. Ta gelegenheid fan dy ûnderskieding toant it Prinsessehof trije belangrike films, dêr’t yn te sjen is hoe’t frou Engelfriet de net-bakte klaai mei har hiele lichem ta karakteristike foarmen bewurket.

Alexandra Engelfriet ‘Fortiter et Suaviter’, 2016 (byld: Jérémie Basset)

Alexandra Engelfriet is fassinearre troch klaai; troch de wjerstribbige plastisiteit fan it materiaal, de struktuer en de wize dêr’t dy om bar meijout en wjerstân op biedt. Foar har wurk lit se tonnen klaai nei in spesjale lokaasje bringe. Dan begjint it echte wurk, want de keunstner foarmet it materiaal op in bysûndere wize: mei ritmyske, hast dûnsjende bewegingen glydt, krûpt en stapt se troch it materiaal. It resultaat is in searje opfallende patroanen, foarme troch har lichem.

Alexandra Engelfriet
Frou Engelfriet (1959) is renommearre en priiswinnend keunstner en útfierder. Hja studearre oan de Gerrit Rietveld Akademy yn Amsterdam. Yn 2015 wûn se brûns op de Gyeonggi International Ceramic Biennale yn Súd-Korea. Har wurk is ûnder oare opnommen yn ’e kolleksjes fan it Victoria en Albert Museum yn Londen en Museum Boijmans van Beuningen yn Rotterdam. Earder wie har wurk al yn it Prinsessehof te sjen yn ’e útstalling Sexy Ceramics (2016). Doe beklaaide se de wanden fan in útstallingsseal mei klaai.

Van Achterberghpriis
De Stichting Van Achterbergh-Domhof rikt om de twa jier de Van Achterberghpriis út oan in persoan of ynstelling dy’t in bysûndere bydrage levere hat oan de ûntwikkeling fan de keramyske keunst en keramyk yn Nederlân. De winner fan de priis kriget in bedrach fan € 15.000 en in útstalling yn Keramykmuseum Prinsessehof.

augustus 20, 2022 08:24 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.