Popup-festival CultuurKaravaan strykt yn Boarnburgum del

augustus 27, 2022 08:20

Biblioteek Drachten, Museum Dr8888, Poppoadium Iduna en Skouboarch De Lawei organisearje fan juny oant en mei septimber acht popup-festivals yn ’e doarpen en wiken fan Smellingerlân, ûnder de namme CultuurKaravaan. In feestlike middei mei keunst lykas muzyk, teäter en films en mei in wiidweidich berneprogramma. Op sneon 3 septimber strykt de CultuurKaravaan by Doarpshûs ’t Bynt yn Boarnburgum del.

Foto: ©Tibbesma Fotografie

De CultuurKaravaan
Festival De CultuurKaravaan giet dwers troch Smellingerlân hinne by wiken en doarpen lâns. De CultuurKaravaan azement de sfear fan in festival, mar dan lekker ticht by hûs. Mei de buorlju en oare doarpsgenoaten kin it eigensinnige kultueroanbod fan Smellingerlân fierd wurde. It fergeze festival biedt foar elkenien wol wat: muzyk, teäter, dichters en oare keunstuteringen, hoareka en in wiidweidich berneprogramma. Dat hat as doel om nei in lange koroanarite in besite oan keunst- en kulturele útfieringen wer te stimulearjen . De CultuurKaravaan wurdt mei mooglik makke troch de Gemeente Smellingerlân.

Foar elkenien wat
Op sneon 3 septimber strykt de CultuurKaravaan by Doarpshûs ’t Bynt yn Boarnburgum del. Fan 15.00 oant 19.00 oere is der fan alles te dwaan en te sjen op fjouwer ferskate poadia en yn festivaltinten. Mei û.o. Them Dirty Dimes, Sera Noa, Boaz Roelevink, Zenith en de foarstelling Dag Nacht (6+) fan Garage TDI. Dichters bringe gedichten op mjitte en ferskate makkers út Smellingerlân eksposearje harren wurk. Der is in wurkatelier linofyk yn styl en in wurkatelier mandala meitsjen. Foar de bern is der it nifeljen mei knipgedichten, stille disko en komt Tomke om foar te lêzen.

Them Dirty Dimes (foto: ©Jasper Bolderdijk)

Dielnimmende wiken en doarpen
De CultuurKaravaan strykt de kommende moanne ek del yn de neikommende wiken en doarpen: De Wiken (10 septimber) en De Pein (17 septimber). Op www.cultuurkaravaan.nl is it programma foar de ferskate lokaasjes te finen. It festival is ek te folgjen fia Facebook en Instagram (@cultuurkaravaan).

Besjoch in filmke fan De Lawei:

Fotocredits Them Dirty Dimes: Jasper Bolderdijk

Garage TDI (IMG_9560_: Tibbesma Fotografie)
Trailer: https://youtu.be/B_ASTmphckE

augustus 27, 2022 08:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.