Opfrysker

augustus 25, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

8 opmerkingen

  1. Lútsen augustus 25, 07:58

    Hoe is eins de regel foar ‘hy/er’? It Hollânsk hat ‘ie (oerbliuwsel fan âlde útspraak ‘hi’?), mar wurdt mien ik beskôge as sprektaal. Enklitysk hjit it offisjeel. Graach útlis. Tankewol

  2. mbc84 augustus 25, 09:23

    Neffens my wurdt ‘er’ altiten skreaun, en is it net krekt as yn it Hollânsk allinnich mar sprektaal.
    Tredde persoan iental manlik yn it Dútsk is ‘er’. Dútsk hat net soks, it is altiten ‘er’.

  3. Lútsen augustus 25, 10:13

    Goed lêze mbc84!

  4. Breimer augustus 25, 10:18

    Lútsen, en elkenien dy’t witte wol,
    dy regel stiet beskreaun op side 169 fan ‘Grammatica Fries’ fan Jan Popkema, útjûn by Het Sprektrum.
    It ferskil mei it Hollânsk is dat soks as ‘dat-ie’ en ‘wordt-ie’ yn it formele taalgebrûk mijd wurdt, wylst ‘dat er’ en ‘wurdt er’ sawol yn de sprek- as de skriuwtaal gewoan neffens de regel binne; ‘dat hy’ en ‘wurdt hy’ binne inkeld mar goed as it de bedoeling is dat de klam op ‘hy’ falt.
    En ja, we hawwe it oer it enklitysk brûken fan it persoanlik foarnamwurd as dat sa nei by it foarôfgeande wurd oanslút dat it minder klam kriget en ferfoarme wurdt. Wy kinne it dêr yn de rubryk ‘Briefkjen oer taal’ wolris oer hawwe.

  5. Lútsen augustus 25, 11:35

    Tankewol Jan foar dizze reaksje. Wat ik nijsgjirrich fyn is, hoe’t HY enklitysk ta ER wurden is, want HE kin net. En ek wêrom oft in sin net begjinne kin mei ER mar wol mei SE. (*ER is himmel. SE is kreas.) Lyksa de fraach hoe’t it koe dat HJA SE wurden is. SY sil wol liend wêze út Middelnederlânsk.

  6. Henk augustus 25, 14:29

    Lútsen: ‘hy’ en ‘er’ binne beide ûntwikkelingen fan in Aldgermaanske foarm ‘(h)iz’, dy’t yn de Germaanske talen in ferskaat oan foarnamwurden opsmiten ha. By ‘hy’ is de einichste konsonant fuortfallen, by ‘er’ is de z feroare yn in r, in feroaring dy’t faker foarkomt, tink oan ‘frear’ by ‘frieze’.

    Hoe’t it komt dat de taakferdieling tusken ‘hy’ en ‘er’ is sa’t er is, is net mear nei te gean. Wol is bekend dat dy taakferdieling al âld is, hy bestie yn it Aldfrysk al en libbet net allinnich yn ús Frysk fierder, mar ek yn it Noard- en Sealterfrysk.

    Dat ‘se’ oan it begjin fan in sin stean kin – en dus syn enklitysk karakter kwytrekke is – is in frij nije ûntwikkeling. Om 1900 hinne wie dat gebrûk noch seldsum en waard ‘se’ hast op deselde manier brûkt as ‘er’ no noch. Nei alle gedachten hat it Nederlânsk as foarbyld tsjinne. Yn it Frysk yn Dútslân ha oan ‘se’ besibbe foarmen dat enklityske karakter noch wol, ek yn it meartal.

    ‘Sy’ en ‘sij’ wurde yn it Frysk noch net sa lang brûkt. Se dûke flak foar 1800 op en ferspriede har dan rap oer de provinsje. By de Halbertsma’s is ‘hja’ noch dominant, al brûke se ‘sy’ ek, yn de 20e ieu reitsje ‘hja’ en ‘hju’ beheind ta in lyts hoekje yn de noardlike Wâlden en de skriuwtaal.

    Yn it Frysk yn Dútslân is dat net it gefal: it Sealterfrysk en Mooring ha ‘hju’-achtige foarmen holden, yn it Fering-Öömrang hat it ûnsidige ‘hat’ de âldere froulike foarmen út it stee wrotten.

  7. Lútsen augustus 26, 07:25

    Tige by tige Henk. Ik hie al in stille hoop op dyn reaksje. Fynsto ek lykas ik dat wy it gebrûk fan ‘hja’ stimulearje moatte, as tsjinwicht tsjin de oanboazjende floed fan Nederlânske ynterferinsjes? Of leausto net yn de macht fan it skreaune wurd?

  8. Henk augustus 26, 11:37

    Goeie, Lútsen! Ik kin my dêr net safolle by foarstelle. Sels by iepen wurdklassen lykas haadwurden en tiidwurden docht hast net ien wat mei de foarkarren dy’t de Fryske Akademy yn 2015 op papier set hat. Foar in sintraal diel fan de taal lykas foarnamwurden is de kâns dat ien mei advizen of foarskriften wat dwaans soe noch lytser. Se soenen sels ferfrjemdzjend wurkje kinne. Op syn heechst kinst sokke foarmen sels brûke, dat minsken net ferjitte dat se besteane.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.