Opfolger ‘Podium Witteman’ bekend

augustus 11, 2022 10:27

Fan 11 septimber ôf sille Dieuwertje Blok en Floris Kortie tegearre Podium Klassiek presintearje, bystien troch húspianist Mike Boddé. Nei’t ôfrûne maaie bekend waard dat Paul Witteman ophâlde soe mei it populêre Podium Witteman, wie der noed oer de takomst fan it programma. Mar mei de nije namme én in nij presintaasjeduo hawwe leafhawwers fan klassike muzyk yn al syn foarmen wer in platfoarm.

Foto: ©NTR

Dieuwertje Blok is gjin ûnbekende yn ’e wrâld fan klassike muzyk: op NPO Radio 4 presintearret se al jierren it programma NTR Podium. Yn Podium Klassiek sil Dieuwertje ûnder oare yn petear gean mei jong muzikaal talint, in ûnderdiel dat ek yn de nije opset wer in prominint plak kriget.

Dieuwertje Blok: “Ik sjoch der tige nei út om mei Floris en Mike in moai programma te meitsjen. De kombinaasje fan it presintearjen fan NTR Podium en Podium Klassiek is in dream dy’t útkomt. Ik hâld fan klassike muzyk yn ’e breedste sin fan it wurd. It Nederlânske muzyklibben groeit en bloeit: jonge klassike musisy ferlizze al jierren de grinzen fan de muzyk en ik gean graach mei harren op dy reis.”

Mei Podium Klassiek wurdt de tradysje fan in wykliks muzikaal feestje op ’e iere sneintejûn fuortset, mei live optredens fan topmusisy út binnen- en bûtenlân. It programma omearmet de wrâld fan de klassike muzyk, mar slút him net ôf foar oare sjenres dy’t dy wrâld noch grutter en nijsgjirriger meitsje kinne.

Floris Kortie ûntfangt as gasthear in kar oan muzikale gasten. “De lêste tiid waard ik fan de merk oant it Konsertgebou troch sjoggers soarchlik oanklampt: ‘Jim geane dochs wol troch, hin?’. Ik bin tige bliid dat wy fan septimber ôf wer de reade loper útrôlje foar al dy besiele musisy út binnen- en bûtenlân. Op ’e fertroude snein, yn ús fertroude studio én fersterke mei it entûsjasme en de belutsenheid fan Dieuwertje Blok.”

Mike Boddé fernuveret him as húspianist oer ferskate muzikale ûnderwerpen. “Godtank bliuwt sa’n bytsje it iennige programma op ’e wrâld mei alle wiken live klassike en dêroan besibbe muzyk bestean. Ik soe my gjin rie witte sûnder.”

Podium Klassiek wurdt streekrjocht útstjoerd út De Hallen Studio’s yn Amsterdam-West. Fan 11 septimber ôf alle sneinen tusken 18.15 en 19.15 oere op NPO2.

augustus 11, 2022 10:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.