Op aventoer troch de Fryske skiednis 

augustus 25, 2022 14:09

Tongersdei 1 septimber wurde tsien nije Fryske ferhalen foar it populêre rollespul Dungeons and Dragons (D&D) yn de iepenbierheid brocht. De ferhalen binne skreaun troch spilers út Fryslân en geane oer harren wen- of berteplak. It sintrale tema is ‘Hoe wurd ik in goede foarâlder en wat lit ik foar myn neiteam nei?’
It spul makket diel út fan IIS, it
mienskips-projekt fan Arcadia. Elkenien kin fan 1 septimber (00.00 oere) ôf de ferhalen fergees fan it ynternet helje (www.mythemakers.nl).

Gerda Roorda op in lokaasje fan ien fan de ferhalen. Foto © IIS

D&D is in rollespul oan ’e tafel dêr’t de spiler net allinne in personaazje wurdt, mar ek in ferhaal fertelt. Gewoanwei binne it fantasyferhalen, mar foar it IIS-projekt spylje se yn in stêd, wyk of doarp yn Fryslân. It is in spul foar twa oant om ende by acht spilers, dy’t gebrûk meitsje fan in spesjaal soarte fan dobbelstien dy’t harren gelok wol of net bepaalt.

Troch D&D kinne de spilers har better yn in situaasje ynlibje, nimt harren kreativiteit ta en leare se om yn probleemoplossingen te tinken. Mei it projekt kinne se boartsjendewei mear oer de Fryske skiednis leare. Saaklik lieder by Stichting Mythemakers en IIS, Gerda Roorda: “Giest as held op aventoer yn dyn eigen doarp of stêd en komst yn ’e kunde mei de skiednis dêrfan wylst mei freonen of famylje thús oan ’e tafel sitst. It is ymprovisaasjeteäter, Fryske skiednis en ûntwikkeling fan sosjale feardichheden yn spulfoarm.”

In pear foarbylden
Ien fan de ferhalen giet oer de ‘Oarder op ’e Aldehou’. It kin yn ien jûn ôfrûne wurde. It nimt de spilers mei nei de Aldehou, dêr’t se troch ‘De Oarder fan de Lokale Liuw’ ynhierd wurde om dy by it bouwen fan in nije katedraal te helpen. It ferhaal is basearre op it feit dat de Aldehou oarspronklik de toer wêze soe fan in gigantyske katedraal wie, mar dat troch de sloppe ûndergrûn nea wurden is.

In oar ferhaal is ‘De slach by Finnboarch’. De spilers hâlde har yn de grutte hal kening Finn op, dêr’t se by it leger fan dy bekende kening hearre. Se wurde der fuortdaliks goed yn behelle trochdat se yn de histoaryske Freswaelbekend as de Fryske slachtpartij – ynset wurde. Hoe kinne se dat oerlibje?

IIS is in produksje fan Arcadia en Keunstwurk en wurdt mooglik makke troch Provinsje Fryslân, Prins Bernard Cultuur Fonds en Univé.
augustus 25, 2022 14:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.