‘Onderweg naar Arcardia’, eksposysje fan David van Kampen
Resint ferskynd

Foto Kultuerpoadium Doarpstsjerke Huzum
Kultuerpoadium Doarpstsjerke Huzum eksposearret yn it ramt fan Tsjerkepaad prachtige reliëfs fan de yn Ljouwert berne keunstner David van Kampen. Dy makke se yn de njoggentiger jierren, doe’t him de ellinde yn Midden-Europa oanluts. Spitigernôch is dat tema noch aktueel. De titel ‘Onderweg naar Arcadia’, oanheakjend by it Ljouwerter evenemint fan dizze simmer, sprekt fansels.
Doe’t leden fan de Huzumer wurkgroep in atelierbesite by Van Kampen brochten wiene se ferbjustere troch de kwaliteit fan reliëf-skilderijen. Stik foar stik prachtige en oangripende wurken. Se binne dan ek bliid dat dy no yn de Huzumer Doarpstsjerke te bewûnderjen binne.
David van Kampen (1939) folge oan de Gerrit Rietveld Academie te Amsterdam de opliedingen foar byldhouwer en keunstskilder. Hy wenne en wurke yn Ljouwert, Bartlehiem, Amsterdam en Swarte Haan. Yn Ljouwert is syn byld fan de hantsjeklappende feehâlders bekend. Dat hat koartlyn in nij plak krige: foar de Achmeatoer, dêr’t foarfinne de feemerk wie. Net minder bekend waard Van Kampen mei it byld De Túnker by de Huzumer brêge. Yn in protte fan syn skilderijen is de byldhouwer werom te finen lykas yn de skilderijen dy’t er fan it Waad makke, allegeare mei reliëf. Dêr is er foaral bekend mei wurden.
De eksposysje rint noch oant en mei 10 septimber, sneons fan 13.30 oant 17.00 oere. De tagong is fergees. Adres Huizum Dorp 67, Ljouwert. Fergees parkearje kin op it terrein foar Intratuin oer.
Mear ynfirmaasje: dorpskerkhuizum@gmail.com, https://www.dorpskerkhuizum.nl en https://www.facebook.com/dorpskerkhuizum .
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje