Olaf Vos hâldt op as streektaalkonsulint foar it Grinslânsk

augustus 5, 2022 19:55

Olaf Vos hâldt op as streektaalkonsulint foar it Grinslânsk. Nei trije jier komt it plak by it Centrum voor Groninger Taal en Cultuur wer frij. Nei Simon Reker, Eline Brontsema en Ingeborg Nienhuis wie Vos de fjirde profesjonele hoeder fan it Grinslânske Nedersaksysk.

Alle streektaalkonsulinten diene it wurk op harren eigenste wize. Vos hat him benammen yn de muzyk en it ûnderwiis foar de taal ynspand. Gjin niget, want Vos is ek learaar en sjonger. Dat Vos ophâldt as streektaalkonsulint hat ek mei syn oare ynteressen te krijen: hy kin op de skoalle dêr’t er lesjout as psycholooch oan de slach.

Mei rapmuzyk en it ôfwikseljend brûken fan Grinslânsk en Hollânsk wie Vos in oar type streektaalkonsulint as guon fan syn kollega’s en foargongers. Hy krige dêr gauris krityk op. “Niet al te constructief”, neamt er dat kommentaar. “Het is wel 2022, we leven niet meer in de jaren tachtig of zo.”

Dat er skielk gjin streektaalfunksjonaris mear is, wol net sizze dat Vos it Grinslânsk út it each ferliest. Hy seit: “Voor ik als streektaalconsulent aan de slag ging, stak ik ook al mijn vrije tijd al in het Gronings. Dat zal nu niet anders zijn.” Oer syn erfenis is er optimistysk: hy hat in protte learmateriaal foar it Grinslânsk makke en fernimt dat in soad skoallen dat wol brûke wolle.

augustus 5, 2022 19:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.