Oantal befeiligingskamera’s yn Fryslân nimt mei 4,5% ta

augustus 26, 2022 08:51

It tal befeiligingskamera’s yn Fryslân is sûnt 2021 mei 4,5% tanommen. Wylst yn 2021 noch 7.686 befeiligingskamera’s registrearre stiene, is dat ûnderwilens tanommen ta 8.031. Fryslân hat dêrmei de leechste oanwaaks fan alle Nederlânske provinsjes; de lanlike trochsneed leit op 9,4%. Dat docht bliken út sifers út de plysjedatabank Kamera yn Byld, dy’t VPNGids.nl fia in WOO-fersyk opfrege.

Foto: Unsplash/Scott Webb

Measte kamera’s de persoan yn Ljouwert
Yn provinsjehaadstêd Ljouwert hingje de measte befeiligingskamera’s: 2.068 stiks. Ofset tsjin it tal ynwenners is dat ek it heechste tal kamera’s neffens de befolking. De top 5 fan Fryske gemeenten mei de measte kamera’s is sa:

1. Ljouwert (167 befeiligingskamera’s op 10.000 ynwenners);
2. Súdwest-Fryslân (162 befeiligingskamera’s op 10.000 ynwenners);
3. It Hearrenfean (157 befeiligingskamera’s op 10.000 ynwenners);
4. Smellingerlân (127 befeiligingskamera’s op 10.000 ynwenners);
5. Harns (114 befeiligingskamera’s op 10.000 ynwenners).

De minste kâns om filme te wurden hat men yn Dantumadiel: dêr hingje mar 52 befeiligingskamera’s op 10.000 ynwenners. Tytsjerksteradiel (74) en Achtkarspelen (76) hawwe ek relatyf net folle befeiligingskamera’s. De Waadeilannen binne yn it oersjoch net meinommen.

Sterkste oanwaaks yn Seelân
Persintueel sjoen kamen der it ôfrûne jier yn Seelân de measte kamera’s by. Fan de 3.919 yn 2021 rûn dat tal it ôfrûne jier op nei 4.657 (+18,8%). Nei Fryslân krige Gelderlân der ek net folle by (+6,8%).

Heechste oanwaaks by partikulieren
It tal partikuliere befeiligingskamera’s naam it ôfrûne jier mei 9,4% ta fan 44.016 nei 52.860. Dat wie lykwols al earder ynset: fan 2019 ôf is it tal partikuliere kamera’s nammentlik hast ferdûbele (+98,1%). Yn deselde perioade gie it tal registrearre kamera’s fan bedriuwen mei 25,5% omheech en fan de oerheid mei 9,9%.

Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer it ûndersyk.

Undersyksmetoade
It ûndersyk jout in byld fan hoefolle befeiligingskamera’s oft der op 1 maaie 2022 yn de plysjedatabank Kamera yn Byld registrearre stiene. It werklike oantal leit nei alle gedachten heger, mei’t net alle kamera’s registrearre binne. VPNGids.nl hat dy gegevens troch in WOO-fersyk ûntfongen. De databank bestiet út befeiligingskamera’s fan bedriuwen, partikulieren en de oerheid. De databank wurdt troch de plysje brûkt om nei te gean wêr’t se yn it gefal fan in misdriuw kamerabylden opfreegje kinne.

De sifers binne twa kear earder troch VPNGids.nl opfrege: yn desimber 2019 en yn maaie 2021. Yn dit ûndersyk steane ferlikingen troch de tiid, dêrfoar binne de resultaten út de foargeande ûndersiken brûkt. Yn ’e gemeentlike databank is útgien fan de gemeenten sa’t dy yn maaie 2022 wiene. Data fan gemeenten dy’t yn oare gemeenten opgien binne, binne byinoar foege.

Oer VPNGids.nl
Op VPNGids.nl kinne ynternetbrûkers terjochte foar objektive ynformaasje oer online privacy, frij ynternet en ynternetfeilichheid. Dêrneist analysearret VPNGids.nl struktureel de kwaliteit en feilichheid fan ferskate ynternetfeilichheidstsjinsten, lykas VPN-oanbod, wachtwurdhelp en antyfirusprogramma’s.

augustus 26, 2022 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.