Subsydzje foar moetingsaktiviteiten yn Waadhoeke

augustus 10, 2022 08:41 Fernijd

De gemeente Waadhoeke hat foar sosjale inisjativen, lykas it organisearjen fan in kulturele middei of in sport- of spulaktiviteit, buorljusdei of blomme-aksje, de subsydzjeregeling lytsskalige moetingsaktiviteiten. Elkenien mei in idee foar in sosjale aksje of aktiviteit yn wyk of doarp kin in subsydzje-oanfraach fan op syn heechst € 750,- yntsjinje. Dat kin fan 15 augustus ôf fia de webside of de post. Yn maart koe dy subsyzje ek oanfrege wurde. Fanwege it grutte sukses is der no in twadde omgong.

Om de negative gefolgen fan de koroanakrisis op te heinen, stelde it kabinet it stipepakket sosjaal en mentaal wolwêzen en leefstyl beskikber. Gemeente Waadhoeke brûkt dy middels ûnder oare foar in subsydzjeregeling om moetingen en kontakten tusken ynwenners te stimulearjen. Ut petearen mei doarpen en wiken die nammentlik bliken dat ynwenners graach aksjes en aktiviteiten organisearje wolle, en it sosjale en ferieningslibben wer oppakke wolle. Mei de subsydzjeregeling komt Waadhoeke yn dat ferlet temjitte. Kontakten en moetingen tusken ynwenners laten boppedat ta mear ferbûnens en in leefberder Waadhoeke.

Foar elkenien yn Waadhoeke
Elkenien – boargers, ferieningen, bedriuwen – mei in idee foar in lytsskalige aksje of aktiviteit dêr’t ynwenners inoar by moetsje, kin subsydzje oanfreegje. De regeling is foar en mei de ynwenners fan de gemeente. Foar in inisjatyf kin in bedrach fan € 750,- of leger oanfrege wurde. Yn totaal is € 40.000,- beskikber. De subsydzje wurdt ferdield op folchoarder fan binnenkomst oant it totaalbedrach berikt is. Wichtich is dat de aktiviteit of aksje noch net úteinset is op it momint fan de oanfraach en fóár 1 july 2023 ôfrûne wurdt.

Oanfreegje kin digitaal en oer de post
De subsydzje kin fia de webside fan Waadhoeke oanfrege wurde. Fan 15 augustus ôf is it oanfraachformulier beskikber op www.waadhoeke.nl. Belangstellenden kinne dat digitaal ynfolje en yntsjinje. It oanfraachformulier kin ek oer de post ferstjoerd wurde.

augustus 10, 2022 08:41 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.