Oanfaller Rushdie net beskuldige fan swierste moardmisdriuw

augustus 13, 2022 20:49

De man dy’t nei alle gedachten freed skriuwer Salman Rushdie mei in mes stutsen hat, wurdt oanklage foar writen ta moard yn de twadde graad. De Amerikaanske dielsteat New York, dêr’t Rushdie oanfallen waard, hat twa typen writen ta moard: ornaris is dat yn de twadde graad, mar by oanfallen dy’t de maatskippij slim yn ûnstjoer bringe, is it writen ta moard yn de earste graad. Oanfallen op plysjes of tsjûgen fan misdriuwen, en tige wrede moarden falle yn dat skift. Neffens it Iepenbier Ministearje fan New York falt de oanfal op Rushdie dêr net ûnder.

Rushdie waard freed oanfallen yn it stedsje Chautauqua, ticht by de grins mei Kanada. Hy soe dêr in lêzing jaan. De fan oarsprong Yndiaaske skriuwer kriget al sûnt 1989 plysjebeskerming, om’t rûnom op ‘e wrâld moslims him fermoardzje wolle. Yn dat jier hat de doetiidske hegepreester Gomeiny fan Iran trije miljoen dollar beleanning tasein oan de moardner fan Rushdie. De man mocht it boek De duivelsverzen dat Rushdie doe krekt útbrocht hat net lije, om’t er der neffens Gomeiny de gek mei de Koran yn hie.

Mei de 75 jier âlde Rushdie is it net sa bêst. Hy is yn de hals en yn it liif stutsen en bliuwt nei alle gedachten oan ien each blyn, wylst syn lever en ien earm slim skansearre binne. Hy is net mear yn libbensgefaar.

De fertochte hjit fan Hadi Matar. Syn âlden komme út Libanon, sels is er hikke en tein yn Amearika. Hy is 24 jier âld en moslim. Neffens de Amerikaanske plysje hat er op ynternet stipe útsprutsen foar ekstremistyske islamityske organisaasjes.

augustus 13, 2022 20:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.