Nuvere útspraak fan Frânske ûnderwiisminister oer minderheidstalen
Resint ferskynd

Hoe seach de minister it plak fan de regionale en minderheidstalen fan Frankryk, benammen op skoalle? Dat frege it parlemintslid Iñaki Echaniz dizze wike oan de nije Frânske minister fan ûnderwiis, Pap Ndiaye. Echaniz is in Bask en stribbet nei in rommer plak op skoalle foar de lytse talen fan Frankryk, wêrûnder it Baskysk. De minister dielde syn entûsjasme lykwols net.
Ynstee sei Ndiaye dat syn “filosofysk stânpunt” in “goedgeunstige belangstelling foar de lytse talen” wie. Hy sei ek dat er de lytse talen net sjocht as in bedriging foar it Frânsk en dat er der net perfoarst op tsjin is dat se in plak op skoalle krije, salang’t de centralité, it sintrale plak dus, fan it Frânsk net oantaast wurdt. Oer it bedrige plak fan skoallen dy’t in minderheidstaal foarrang jouwe, sei er neat, oer it útstjerren fan de lytse talen en de rjochten bern op memmetaalûnderwiis likemin.
Dat er neat seit oer de wrakseling fan skoallen yn Baskelân en Bretagne om minderheidstalen te brûken, is opfallend, want yn 2019 kundige de doetiidske minister fan ûnderwiis Jean-Michel Blanquer oan dat er de oerheidsstipe foar de Bretonsktalige Diwan-skoallen ynlûke woe en yn 2021 ornearre in hege rjochtbank dat it brûken fan lesboeken yn in oare taal as it Frânsk net tastien wie, wat in streekrjochte bedriging wie foar benammen de Bretonsk- en Baskysktalige skoallen.
It antwurd fan minister Ndiaye is benammen nuver, om’t er bekendstiet as in aktivist tsjin diskriminaasje. Syn heit komt út Senegal en Ndiaye is tige warber om rassediskriminaasje te bestriden, in ûnderwerp dêr’t er by syn stúdzje yn de Feriene Steaten in protte oer leard hat.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje