Nije spoarbrêge oer Iems wurdt gâns djurder as ferwachte waard

augustus 23, 2022 12:29

De spoarbrêge oer de rivier de Iems wurdt likernôch trije kear sa djoer as dat earder ferwachte waard. Ynstee fan 66 miljoen euro moatte de Dútske spoarwegen 200 miljoen euro betelje.

De saneamde Friesebrücke is nedich foar it treinferkear tusken Grinslân en East-Fryslân. Yn 2015 waard de besteande brêge slim skansearre by in oanfarring. Dy wurdt no sloopt. De nije moat ein 2024 klear wêze.

Treinreizgers moatte sûnt de oanfarring oerstappe op in bus, dy’t tusken Bunde en Leer hinne-en-wer rydt.

augustus 23, 2022 12:29
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. G. Djoersma augustus 24, 07:34

    ‘… wurdt gâns djOErder’ liket my de standertfoarm (taalnoarm) yn it Frysk.

    [hjirûnder] Ik wol my ynskriuwe foar De nijsbrief soe better IT nijsbrief wurde kinne.

  2. Cor Jousma augustus 24, 12:23

    Djoersma, jo hawwe foar safier gelyk dat de foarm út de titel net yn de FOARKARslist fan de Fryske Akademy foarkomt. Mar in standertlist kenne wy yn it Frysk lokkigerwize net.

  3. Gerrit van der Meer augustus 24, 17:36

    De (Arriva-)bussen ride somtiden net (allinne) tusken Bunde en Leer hinne en wer, mar ek wolris fan Leer nei de stêd Grins, haw ik fan ‘t simmer ûnderfûn. Ik freegje my ôf oft de Dútske spoarwegen (Deutsche Bahn, dêr’t Arriva in ‘oannommen dochter’ fan is), noch ôfsjen kinne fan de ynfestearring en trochgean mei de bussen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.