Nij Frysk berneboek ‘De Bjusterbaarlike Baron’ no al yn Dútsk Museum

augustus 27, 2022 08:37

Sûnt dizze simmer leit der in Frysk berneboek yn in Dútsk museum. Jurjen Faber en Paul van Dijk hawwe harren nijste berneboek De Bjusterbaarlike Baron oan it Münchhausen Museum yn Bodenwerder oanbean. Dat museum hat de grutste kolleksje boeken oer de baron Von Münchhausen. De kolleksje telt in lytse 1200 útjeften yn 48 ferskillende talen. De Bjusterbaarlike Baron is it earste Fryske boek dat yn it museum leit en it Frysk is de 49e taal yn de kolleksje. Faber en Van Dijk waarden entûsjast ûntfongen troch direkteur Claudia Erler (foto 2). It boek kriget ek omtinken yn de Dútske parse. 

Paul van Dijk (l.) en Jurjen Faber (boarne: Afûk)

Foar it boek De Bjusterbaarlike Baron hawwe Faber en Van Dijk in seleksje makke fan de moaiste reisferhalen fan de legindaryske baron Von Münchhausen. Jurjen Faber soarge foar de oersetting en Paul van Dijk makke de yllustraasjes. It is in bysûnder boek wurden, mei bjusterbaarlike reisferhalen. Baron Von Münchhausen hat echt bestien, wenne yn Bodenwerder en stie bekend om syn sterke ferhalen.

Oer de skriuwer 
Jurjen Faber (1973) skreau foar dit boek de moaiste ferhalen fan de baron op yn it Frysk. Hy hat mei syn maat Paul van Dijk in foarstelling oer deselde baron makke. Yn syn frije tiid mei er graach lêze, skriuwe en muzyk meitsje. Yn de boekekast op de basisskoalle stie in boek oer in baron, fol mei nuvere ferhalen dy’t net wier wêze koenen. De tekeningen yn dat boek bleauwen him by.

Oer de yllustrator 
Paul van Dijk (1981) makke de yllustraasjes foar it boek. Hy is fierder warber as skriuwer, dichter en muzikant. Mei syn maat Jurjen Faber makke er de teäterfoarstelling De Bjusterbaarlike Baron. Doe’t er in jonkje fan njoggen jier wie, hat er fan ’e biblioteek fan Warkum in skoft hieltyd itselde boek liend. Dat boek hjitte: De wonderbaarlijke avonturen van de Baron von Münchhausen. 

Boekgegevens De Bjusterbaarlike Baron 
Skriuwer/oersetter: Jurjen Faber | Yllustraasjes: Paul van Dijk | Utfiering: ynbûn | ISBN: 978 949 315 9907 | Tal siden: 32 | Ferkeappriis: € 13,50 | Foar bern fan 6 oant 10 jier

Jurjen Faber (l.) en Paul van Dijk mei Claudia fan it Münchhausen Museum (boarne: Afûk)

augustus 27, 2022 08:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.