Nei de gaswinning wankt no sâltwinning yn Grinslân

augustus 21, 2022 15:38

Boargerkompenije yn Súdeast-Grinslân wie in rêstich doarp dêr’t de glêsbak it measte leven makke, mar dat is dizze simmer wol oars wurden. It bedriuw Nedmag hat in grutte boartoer yn it doarp pleatst, dêr’t sâlt mei út de grûn helle wurdt. Dat makket de hiele dei troch lûd, nachts ek. “We doen geen oog dicht”, seit omwenner Koos Gräper.

Nedmag hellet al tsientallen jierren magnesiumsâlt út de grûn, dat brûkt wurdt om bygelyks keunstdong en struisâlt te meitsjen en om papier te blikken. Op ‘e besteande boarplakken rekket it magnesiumsâlt op en Nedmag siket no nije winningsplakken. Dat troch de aktiviteit de grûn likernôch in meter sakje sil, is wis. Yn Boargerkompenije en omkriten eangje se fersakjen fan hûzen, fersteuring fan it grûnwetterpeil en ierdskokken. Ferlykbere problemen hawwe harren foardien troch de winning fan gas yn grutte parten fan Grinslân.

Hoewol’t Nedmag noch mar in pear moannen oan it sâltoppompen is, fernimme de minsken yn Boargerkompenije no al skea oan harren hûzen, sa sizze hja. Neffens Nedmag kin dat net. It bedriuw hâldt út dat it sakjen fan de grûn sa lykmjittich ferrint dat der gjin neidielige gefolgen foar gebouwen wêze kinne. Direkteur Bert Jan Bruning wyt de meldings oan “emoties vanwege de gaswinning”.

Nei alle gedachten wurdt it boarplak ynkoarten ferpleatst, om’t der te min sâlt út de grûn pompt wurde kin. It nije plak wie net ôfpraat, mar neffens Nedmag makket it net út, om’t “de iene put foar de oare yn it plak komt”. Nedmag wol alle omwenners fergees in airconditioning jaan, sadat hja simmerdeis de ruten ticht hâlde kinne en it lûd fan it boarjen minder goed hearre.

In groep bewenners is wilens nei de rjochter ta stapt om Nedmag derta te twingen mei de sâltwinning op te hâlden. Dy docht yn septimber útspraak.

augustus 21, 2022 15:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.