‘Natuur de luxe’, nij sjonijsprogramma oer de natuer

augustus 23, 2022 08:51 Fernijd

Natuur de luxe is in nij sjonijsprogramma op tv oer de natuer dat alle wiken wer mei humor, faasje en sensaasje natuernijs foar bern bringt. Troch de knypeach en it swymke satire is it in programma dat ek foar de âlders gaadlik is.

Tiemen en Raisha (foto: NTR)

Troch reportaazjes, fraachpetearen, besiten fan ferslachjouwers, nijsflitsen en aardige filmkes fan sosjale media bringt it programma nijtsjes, feitsjes en rabberij út de Nederlânske natuer en it bisteryk. Natuur de luxe wurdt alle wiken troch twa presintatoaren op in oar plak yn ’e natuer presintearre. Dat is it favorite Natuur de luxe-plak fan in sjogger.

De ploech bestiet út sân presintatoaren en ferslachjouwers: Janouk Kelderman (presintator), Dzifa Kusenuh (presintator), Raïsha Zeegelaar (presintator/ferslachjouwer), Shaquille Lo Fo Sang (presintator/ferslachjouwer), Jahmil Dapaloe/ Rapper Leafs Sensei (ferslachjouwer), Tiemen Smit (presintator/ferslachjouwer) en Rob Janssen (presintator/ferslachjouwer en fertellende stim).

Utstjoering: fan 28 augustus ôf sneins om 17.20 oere by de NTR op NPO Zapp.

augustus 23, 2022 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.