Museum yn Londen stjoert rôfkeunst werom nei Nigearia

augustus 8, 2022 09:13

In Britsk museum sil 72 keunstobjekten weromstjoere nei Nigearia. It giet om ûnder mear brûnzen bylden, ivoaren seremoniële objekten en aldendeiske foarwerpen út it eardere keninkryk Benin. Benin lei binnen de grinzen fan it hjoeddeiske Nigearia en waard yn 1897 troch de Britten mei hurde hân ynnommen. It waard ûnderdiel fan de koloanje Britsk Nigearia, dy’t yn 1960 ûnôfhinklik waard.

Benin Bronzes (foto: Wikipedia/Warofdreams – CC BY-SA 3.0)

De museumdirekteur fan it Londenske Horniman Museum neamt it “moreel en paslik” om de eartiids troch de Britten meinommen keunst nei mear as hûndert jier nei Nigearia werom te stjoeren. “Der is dúdlik bewiis dat dy objekten mei geweld ferkrigen binne”, sa is yn in parseferklearring te lêzen. It museum sil mei de Nigeriaanske Nasjonale Kommisje foar Musea en Monuminten (NCMM) sjen oft it mooglik is om guon objekten te lienen, sadat dy yn Londen bliuwe kinne en dêr besjoen wurde kinne..

It beslút fan it Horniman Museum folget op in formeel fersyk dat de NCMM yn jannewaris yntsjinne om de keunstobjekten werom te jaan. Dêrop gie it museum yn petear mei Britske en Nigeriaanske akademisy, museumbesikers, keunstners en saakkundigen op it mêd fan kultureel erfgoed en besleat it dêrnei om de objekten oan it Nigeriaanske regear oer te dragen.

De 72 objekten meitsje ûnderdiel út fan de tûzenen foarwerpen dy’tyn 1897 troch de Britten út it keninkryk Benin rôve binne en dy’t yn de desennia dêrnei yn hannen kamen fan musea oer de hiele wrâld. Dy keunstobjekten, foaral makke fan brûns en messing, steane ek wol bekend as de Benin Bronzes. Dy bylden dekorearren ûnder mear it Keninklik Paleis yn de stêd Benin. Guon datearje út de 13e iuw, doe’t it keninkryk yn it westen fan Afrika fêstige waard.

augustus 8, 2022 09:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.