Metaansatellyt fynt jiskebult mei klimaatynfloed fan oardel miljoen auto’s
Resint ferskynd
Undersikers fan SRON Netherlands Institute for Space Research sykje mei in satellyt om grutte metaanlekken oer de hiele wrâld. In jiskebult yn it Argentynske Buenos Aires blykt tsientallen tonnen metaan yn ’e oere út te stjitten, te ferlykjen mei de klimaatynfloed fan oardel miljoen auto’s.

Foto: pixabay.com
De ûndersikers wize ek smoargensbulten yn Yndia en Pakistan as grutte útstjitters oan. De útkomsten fan harren ûndersyk binne ferline wike yn Science Advances publisearre. Minder metaan útstjitte is de fluchste manier om de slimste effekten fan klimaatferoaring op koarte termyn te ferminderjen. De ûndersyksploech brûkte de Nederlânske satellyt Tropomi om stêden mei in protte útstjit te identifisearjen. Buenos Aires (Argentinië), Delhi (Yndia), Lahore (Pakistan) en Mumbai (Yndia) foelen dêr op. De útstjit dêr leit yn trochsneed dûbeld sa heech as eardere rûzingen dy’t makke waarden op basis fan wrâldwide ynventarisaasjes.
“Mei in hege resolúsje-satellyt seagen we dat yn dy fjouwer stêden jiskebulten wiene dy’t ferantwurdlik binne foar in grut part fan dy útstjit”, seit SRON-ûndersiker Bram Maasakkers. De jiskebult yn Buenos Aires stjit 28 ton metaan yn ’e oere út, de trije oare jiskebulten binne goed foar respektyflik trije, seis en tsien ton metaan yn ’e oere. Dat komt del op de ynfloed fan nochris 130.000 oant 500.000 auto’s.
Utstjit ferminderje
De earste stap om de útstjit fan de jiskebulten omleech te bringen, soe wêze om it ôffal dat produsearre wurdt te ferminderjen, seit Maasakkers. “Dat kin troch derfoar te soargjen dat dat organysk ôffal net op ’e jiskebult komt, mar brûkt wurdt foar kompost of om biogas te produsearjen. En as lêste is metaan ôf te fangen troch te wurkjen mei in ôfdekking en in ynstallaasje dy’t it metaangas opfangt.”
Argentinië en Pakistan hearre ta de mear as hûndert lannen dy’t ferline jier de Global Methane Pledge fan de Feriene Naasjes tekenen. Dêr ferbûnen se har mei om yn 2030 de útstjit fan metaan mei tritich persint it werombringen, al binne der gjin binende ôfspraken yn it pakt opnommen. Yndia tekene net.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje