Mear minsken ferhuzen fan Rânestêd nei rest fan Nederlân as oarsom
Resint ferskynd
Ferline jier ferhuzen opnij mear minsken út de Rânestêd nei oare plakken yn Nederlân. It gie om 75.000 minsken. Oarsom ferhuzen 53.000 minsken fan de rest fan Nederlân nei de Rânestêd.

Foto: pixabay.com
Al sûnt 2014 naam it tal minsken dat út de Rânestêd fuortgie ta. Yn 2021 wiene it der 5000 mear as it jier dêrfoar, seit it CBS. En sûnt 2017 binne it ek mear as it tal minsken dat jierliks út de rest fan Nederlân wei nei de Rânestêd ta ferhuzet. De lêste pear jier ferlieten foaral mear tritigers, fjirtigers, fyftigers, sechtigers en bern de Rânestêd. Jongelju fan 18 oant 25 ferhuzen just faker nei de Rânestêd as oarsom. “Dy geane tink ik nei de Rânestêd om te studearjen en te genietsjen fan wat in grutte stêd te bieden hat”, seit CBS-haadsosjolooch Tanja Traag.
“Mar fan sa’n tritich jier ôf begjint de trek út de Rânestêd wei. Minsken jouwe har earne del, krije bern en yn dy libbensfaze krije se ek wenwinsken dy’t yn ’e Rânestêd minder maklik te finen binne”, seit Traag. “Tink dan oan in ekstra sliepkeamer, in tún, út de drokte wei.” Nei ferhâlding krije foaral gebieten yn ’e omkriten fan de Rânestêd der minsken út de Rânestêd by. It giet bygelyks om Schouwen-Duiveland, de Feluwe en it noardlike part fan Noard-Hollân. “Dat binne faak minsken dy’t wol trochgeane mei harren wurk yn ’e Rânestêd, mar har wat fierder fuort nei wenjen sette”, seit Traag.
Mar ek fierder fan de Rânestêd ôf binne der regio’s dy’t relatyf in protte minsken út de Rânestêd oanlûke, lykas parten fan Drinte, it suden fan Fryslân en de Waadeilannen, de Achterhoeke en East-Grinslân. “Dan giet it faak oer wat âldere minsken dy’t net mear fjirtich oeren yn ’e wike op in wurkplak hoege te wêzen.”
It giet by dy sifers wol allinnich om ferhuzingen yn Nederlân. Hoewol’t in protte minsken út de Rânestêd weigeane, groeit de befolking yn ’e Rânestêd wol flink, trochdat minsken fan bûten Nederlân der komme te wenjen en trochdat der mear berten as stjertegefallen binne.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje