LTO Noard: soad bistelijen troch wolf

augustus 29, 2022 09:04

Hieltyd mear skiep, keallen en oare bisten binne de ôfrûne wiken troch wolven deabiten. Dat  soarget by de oanfallen bisten foar in protte lijen. Tagelyk fret de wolf mar in stik fan de bisten op. Boeren liede no de needklok. LTO Noard ropt op om wurk te meitsjen fan faunabehear.

“It is tige pynlik om te sjen. Boeren soargje goed foar harren bisten. As der dan in wolf komt dy’t jins skiep of keal hielendal bebliede efterlit, is dat in freeslik byld. Wy wolle dat dêr wat oan dien wurdt”, seit Dirk Bruins, foarsitter fan LTO Noard.

Boarne: LTO Noard

Oerisel, Drinte en Fryslân
Op it stuit is benammen yn Oerisel, Drinte en Fryslân te sjen dat wolven lânboubisten oanfalle. Dat laat ta grutte ûnrêst ûnder de lokale mienskip. “Dat soe men net wolle moatte. Minsken hawwe oprjochte en terjochte noed. Dat is ek net goed foar it draachflak fan de wolf yn Nederlân”, seit Bruins.

De oarsaak is nei alle gedachten dat yn dy gebieten te min wyld is. Der is dus te min natuerlik fretten foar de wolven. Dêrtroch springe wolven sels oer ôffredingen hinne om de lânboubisten oan te fallen. Neffens LTO Noard soene der beskate gebieten foar wolven oanwiisd wurde moatte. Yn gebieten dêr’t de wolf net goed libje kin, lykas provinsjes mei net folle wyld, soe de wolf net mear wolkom wêze moatte.

Wolvebehear
LTO Noard ropt op om tastimming foar it behear fan wolven. Dêrby kin tocht wurde oan it ferjeien fan de wolf yn gebieten dêr’t se in protte lijen feroarsaakje. Op it stuit is dat net tastien. Tagelyk nimme boeren sels ek previntive maatregels, lykas it delsetten fan stekken. Op it momint is dat lykwols net genôch om de bisten te beskermjen.

Skieppehâlder Sterkenburgh

Ferline jier hat in wolf twa skiep en in laam by skieppehâlder Sterkenburgh yn Ketlik deabiten. Sterkenburgh: “De wolf sit no yn it Drintsk-Fryske Wâld, mar hy kin hjir samar wer wêze. Der wie doe grutte panyk ûnder de keppel skiep. De wolf wie troch de ôffreding flein en hie de strôt fan de skiep trochbiten. In stek delsette is net te dwaan, dat is sa kostber en tiidrôvjend. Ik haw no stroomtried stean, mar lammen geane dêr mei de kop sa ûndertroch. Se fiele de stroom net. Ik snap dat de boarger wolven moaie bisten fynt, mar se falle wol oare bisten oan en rjochtsje in protte skea oan. Der moat echt wat oan dien wurde. Sa kin it net langer trochgean.”

augustus 29, 2022 09:04
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Jan A. Schulp augustus 31, 15:43

    Dy ‘beskate gebieten foar wolven’ – moai idé, mar witte dy wolven dat dan ek?

  2. Tom Dykstra augustus 31, 16:27

    Al folle langer is al bekend dat jo net samar wat wolven hjir los rinne litte kinne. Ek fanatike natuerminsken sille mei de realiteit rekken hâlde moatte. Net allinne in wolf mar likegoed hawwe skiep en oare lânboubisten .in plak nedich.

    Tefolle is útgien fan Gods water over Gods akker rinne litte. en te min neitocht oer oft in yntegraasje mooglik en ek winsklik is.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.