Liuwe H. Westra – Biografy Tony Feitsma: It hea yn ’e skuorre
Resint ferskynd
It is simmer en wy bliuwe noch eefkes yn ’e boerewurden. It is simmer, en foar de biograaf ûngetiid. It boek moat binnen in wike by de printer lizze, en dan komt alles byinoar. Op dit stuit sit ik yn 700 bledsiden printkladden. Hearlik wurk, om te sjen hoefolle gegevens oft der wol net byinoar garre binne oer it libben fan Tony Feitsma yn ’e trije jier dat ik der alles mei-inoar oan wurke haw. In rike rispinge!
Mar as alles byinoar komt, sjogge jo ek hoefolle en hoe grut oft it allegear wurdt. It boek giet de kant út fan ’e 800 siden, mei bibliografy, koarte gearfetting, tiidbalke fan it libben fan Tony Feitsma en oare ferplichte bysaken miskien noch wol mear. It koe wolris it tsjokste Fryske boek fan it jier wurde!
Dêr sitte dus ek neidielen oan. Safolle bledsiden neisjen is in hûdfol wurk, en it oanbringen fan ’e krúsferwizings wurdt noch eefkes in raar putsje. Men moat om alles sykje, wêr stie dit ek al wer, en hoe haw ik dat earder dien? It is krekt as in gearkomste: as jo mei fiif minsken in oere wurk hawwe, dan duorret deselde wurklist mei sân minsken twa kear salang, en mei acht minsken mear as trije kear salang. Sa is it mei in boek ek: it neisjen fan in boek fan 800 siden duorret mear as trije kear sa lang as ien fan 500…
Mar dan hawwe jo ek wat! It boek wurdt makke yn twa útfieringen: ‘gewoan’ en ‘lúks’. Yn alle eksimplaren komt boppedat in list fan foaryntekeners. Wolle jo dit reuzeprojekt stypje? Dan kin dat noch krekt. Nim dan moandei 1 of uterlik tiisdei 2 augustus kontakt op mei ûnderskreaune. Ik neam hjir gjin bedraggen, allinnich bledsiden. En dêr krije jo dan in hiel soad fan!
Liuwe H. Westra
liuwe.westra@mensa.nl
06-3083 7586
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje