KWS, Stichting Snitswike en Súdwest-Fryslân: ‘Snitswike wie in grut sukses!’
Resint ferskynd
De 85e Snitswike sit der wer op. De Snitswike mei it grutste sylevenemint op Europeeske binnenwetters wie in grut sukses, litte KWS, Stichting Snitswike en de gemeente Súdwest-Fryslân witte. In wiidweidige evaluaasje folget noch, mar tefredenheid oerhearsket.

Snitswike 2022 (foto: ©Eize Hoekstra)
“Wat in geweldige positive enerzjy hat dizze Snitswike oan de stêd jûn. Mei-inoar: ûndernimmers, frijwilligers, helptsjinsten en gemeente hawwe gastfrijheid sjen litten oan ús eigen ynwenners en in protte besikers dy’t de stêd de ôfrûne wike besite hawwe. Dêr binne wy tige grutsk op! De Snitswike hat wer foar moeting en ferbining soarge. As fanâlds in sportyf spektakel mei in feestlike sfear. Prachtich!”, seit Michel Rietman, wethâlder gastfrijheidsekonomy.
It sylevenemint op it wetter koe net better neffens Karst Doevendans, foarsitter fan de Keninklike Wettersportferiening Snits: “Prachtige sylwedstriden ûnder wikseljende waarsomstannichheden en in sfearfolle ambiânse op it Starteilân”.

Snitswike 2022 (foto: ©Eize Hoekstra)
Dit jier wie ek de earste Snitswike dêr’t de kontoeren fan de nije Stichting Snitswike sichtber yn waarden. Foarsitter Marc Visch oer syn befiningen: “It wie in prachtige Snitswike. As stifting hawwe wy mei in hiele protte minsken praat en in goed ynsjoch yn de keuken krigen. Der binne in protte goede ideeën om mei de Snitswike noch mear ferbining te meitsjen tusken it sylevenemint en oare aktiviteiten foar sawol de Snitser befoling as ek oare besikers. De belutsenheid is tige grut. Dêr kin de Stichting Snitswike de kommende tiid mei oan ’e slach.”
Takom jier sil it oandiel fan Stichting Snitswike yn ’e organisaasje grutter wêze mei as doel de 86e Snitswike nóch geselliger, moaier en (wetter)sportiver te meitsjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje