Kulpomper jout himsels by plysje oan

augustus 19, 2022 21:18

It manminske dat yn july in frommeske kjel makke troch yn ‘e trein fan Bûtenpost nei Grins de kul yn ‘e hân te nimmen en de frije natoer op te pompen, hat himsels by de plysje oanjûn.

De lûkstra kaam op 28 july foar in frommeske oer te sitten. Hy gong oan it wurk en stoarre syn oerbuorfrou dêrby frijmoedich yn it antlit. Doe’t hja kjel in oar plak opsocht en de man tarôp dat er ophâlde moast, biet er har ta dat se har mei har eigen saken dwaande hâlde moast. In âld echtpear naam it benaude frommeske ûnder de wjukken.

Om’t de plysje de saak earst nei fjirtjin dagen yn behanneling naam, wiene de bylden fan ‘e befeiligingskamera út de trein wilens ferneatige, dat de plysje koe net folle mear dwaan. De saak kaam lykwols wiidweidich yn ‘e media en ferskate tsjûgen oppenearren harren by de plysje. Hja joegen genôch ynformaasje dat de dieder it wizer achte en gean sels nei de plysje ta.

De man is nei alle gedachten net de iennichste treinrukker, sa’t soksoarte folk op ‘t heden yn ‘e Nederlânsktalige media neamd wurdt. Ut oare provinsjes komme ek berjochten fan manlju mei bollemelken as favorite tiidkoarting.

augustus 19, 2022 21:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.