Kim Jong-un: Noard-Korea hat koroanagoarre ferslein

augustus 12, 2022 08:41

De Noard-Koreaanske lieder Kim Jong-un lit witte dat it koroanafirus yn syn lân ûnder kontrôle is. Hy kundige neffens steatsparseburo KCNA ferrommingen fan de swierste maatregels oan. Dy waarden yn maaie ynfierd fanwege in grutte útbraak yn it autoritêr regearre lân.

Foto: pixabay.com

Noard-Korea jout gjin iepenheid oer it totaal oantal koroanagefallen, mar dielt wol sifers oer “koartspasjinten”. Yn maaie lei dat oantal op hast 400.000 deis.

Twivels WHO
Ferline moanne berjochte it lân al dat de ein fan de útbraak yn sicht wie, mar de Wrâldsûnensorganisaasje sette dêr fraachtekens by. Neffens de Feriene Naasjes-organiaasje is de koroanasituaasje ferline moanne earder slimmer wurden as ferbettere.

Neffens Kim binne hast 74 minsken oan koroana ferstoarn. Hy sprekt fan in “bjusterbaarlik wûnder” neffens it tal koroanadeaden yn oare lannen. Neffens saakkundigen leit it werklike oantal koroanadeaden yn Noard-Korea nei alle gedachten folle heger.  Foar safier bekend is yn Noard-Korea gjin faksinaasjeprogramma tsjin koroana. Neffens Kim is de goarre yndamme troch tichtplichten, Noard-Koreaanske medisinen en it “goedwurkjende Koreaansk-sosjalistyske systeem”.

KCNA berjochtet dat it lân, nettsjinsteande ferrommingen, fêsthâlde moat oan de “izersterke” barriêre tsjin de pandemy. De measte anty-koroanamaatregels soene jilde moatte oant de wrâldwide pandemy oer is.

Kims suster Kim Yo-jong hat har neffens it steatsparseburo ek útsprutsen oer koroana. Hja sei dat it firus it lân ynkaam is fia folders dy’t Súd-Korea út de loft wei oer it lân ferspraat hat. Hja sei ek dat Kim Jong-un sels “koarts” oprûn hie. “Hoewol’t er slim siik wie, koe er gjin momint rêste. Hy moast it folk beskermje oant de ein fan de oarloch tsjin de pandemy”, sei syn suster neffens KCNA.

augustus 12, 2022 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.