Iraansk regear oer Rushdie: oanfal wie eigen skuld
Resint ferskynd

It regear fan de islamityske republyk Iran is fan betinken dat it Salman Rushdie syn eigen skuld is dat er slim ferwûne yn it sikehûs leit. Rushdie waard freed yn ‘e Feriene Steaten mei in mes oanfallen troch de Libanees Hadi Matar. Dy hat in earm, in each en de lever fan de skriuwer skansearre.
Neffens Nasser Kanany, wurdfierder fan it Iraanske ministearje fan útlânske saken, soe Rushdie him de lilkens fan oardel miljard moslims op ‘e hals helle hawwe troch de islam te misledigjen. Yn 1989 hat de doetiidske islamityske opperpreester fan Iran Gomeiny trije miljoen dollar op Rushdie syn holle set, om’t dy yn syn roman De duivelsverzen de midsiuwske generaal Mohammed ibn Abdalla opfierde, in histoaryske persoan dy’t troch moslims as hillige wytger fereare wurdt.
Neffens it Iraanske regear is net inkeld Rushdie skuldich oan de oanfal, mar ek alle minsken dy’t him stypje. Oer oanfaller Matar en opperpreester Gomeiny waard net rept.
Mei Rushdie, dy’t dagenlang keunstmjittich beäzeme waard, giet it wat better. It fernielde each sil er net wer brûke kinne, hoe’t it mei syn earm en lever komt, is noch net bekend. Hy hat ek stekwûnen yn ‘e hals en yn it boarst.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje