Iepen dagen by Tresoar op 10 en 11 septimber

augustus 25, 2022 08:41

Tresoar bestiet fan ’t jier 20 jier en om dit jubileumjier te fieren, binne der op sneon 10 en snein 11 septimber fan 11.00 oant 16.00 oere iepen dagen by Tresoar mei alderhande aktiviteiten, muzyk en geselligens. Nigethawwers kinne delkomme en mear fan it rike ferline fan Fryslân sjen.

Ofbylding: ©Maartje Roos

Altyd al witte wollen hokker skatten der yn de skatkeamer fan Fryslân ferburgen lizze? Besikers fan Tresoar kinne no in stikje fan harren eigen skiednis ûntdekke en hokker rol dy yn harren takomst spilet. Twa dagen grôtfol aktiviteiten om te belibjen wat by Tresoar allegearre te dwaan is.

Benijd nei jo Fryske foarâlden of de skiednis fan dyn wenplak? Besikers kinne har fernuverje litte troch harren eigen Fryske ferline yn it Histoarysk Reisburo. Wa’t mear witte wol oer de skiednis fan syn of har eigen wenning is by Tresoar oan it goede adres. Meiwurkers litte harren persoanlike topstikken sjen en der wurde noch mear Fryske skatten ûntbleate by rûnliedingen. Besikers kinne ek meidwaan oan de Fryske literêre kwis. Yn de bioskoop kinne se dêrnei wer efkes bekomme by koarte histoaryske fideo’s of nei in lêzing oer feministe Etta Palm harkje. Bern kinne op ûntdekkingstocht troch it gebou. Wat is der allegear te ûntdekken? Koartsein, genôch te sjen, te dwaan en te belibjen yn de skatkeamer fan Fryslân.

It folsleine programma is te finen op tresoar.nl.

Tresoar bewarret it Fryske ferline en leit ferbining mei it no en de takomst. Yn septimber 2002 ûntstie Tresoar út in fúzje fan de Provinsjale Biblioteek, it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) en it Ryksargyf. Dit jier is it tweintich jier lyn dat de trije organisaasjes fusearren. Op 1 oktober 2022 begjint Arjen Dijkstra as nije direkteur fan Tresoar.

augustus 25, 2022 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.