Histoarysk sympoasium oer Waalske Fuery yn Dokkum

augustus 28, 2022 11:09

It jier 1572 wie in kearpunt yn de Tachtichjierrige Oarloch (1568-1648) en waard dêrmei it begjin fan de ‘Berte fan Nederlân’. Alle stêden en in protte doarpen yn ‘de Nederlannen’ spilen dêr in eigen rol yn en hawwe sa in eigen skiednis. Lykas yn mear stêden sil Dokkum dêr op 9 septimber by stilstean mei in sympoasium yn de Gruttsjerke.

Sprekkers binne prof. dr. Herman Pleij, emearitus heechlearaar histoaryske letterkunde, Ihno Dragt, earder direkteur fan Museum Dokkum en Siebe van Seijen, arsjitekt.
Herman Pleij is spesjalist yn de midsiuwske literatuur. Ihno Dragt skreau it boek Ontsnapt aan het bloedbad: Hendrik van Bra’s verhaal over de Waalse Furie van 1572 in Dokkum, dêr’t de werprintinge fan op it sympoasium presintearre wurde sil. Siebe van Seijen hie te meitsjen mei alderhande restauraasjes en monumintale bouprojekten yn Noard-Nederlân. Hy sil ferhelje oer wat der noch te sjen is oan de gebouwen út de tiid fan de Waalske Fuery. As ûnderdiel fan it sympoasium sil oan it Sonnemapleintsje in ynformaasjepylder ûntbleate wurde.

Waalske Fuery yn Dokkum
De Waalske Fuery yn Dokkum wie in opstân fan Geuzen, boeren en boargers ûnder lieding fan hopman Sipke van Scheltema. Dy duorre fan 12 o/m 15 septimber 1572. In fûle en bluodderige striid troch de Waalske troepen yn Spaanske tsjinst makke dêr in ein oan. De ‘befrijing’ rûn út yn in massale plonderpartij en in stedsbrân.

Wa’t by it sympoasium wêze wol, kin dat op syn lêsten op 31 augustus noch trochjaan mei in berjochtsje oan s.bosma@noardeast-fryslan.nl.

augustus 28, 2022 11:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.