Henk Wolf: prate oer manlju, froulju en kofje

augustus 24, 2022 09:01

Yn syn lykas altyd nijsgjirrich taalbrief skriuwt Jan Breimer dizze wike oer wurdslachte yn it Frysk en Nederlânsk. Hy beskriuwt treflik hokker foarnamwurden oft yn de twa talen brûkt wurde om nei persoanen en saken te ferwizen. It brief stiet hjirre.

Ik woe der twa dingen oan taheakje, dy’t neffens my foar de nigethawwer in nijsgjirrige oanfolling foarmje. It iene is in detail, it oare freget wat mear wurden.

De kofje is klear, ik sil se ynjitte

Om mei de detailkwestje te begjinnen: Jan skriuwt dat froulike foarnamwurden lykas hja en har yn it Frysk inkeld mar brûkt wurde om nei froulju te ferwizen. Dat is tink fierhinne korrekt. By bisten liket wat oan it feroarjen te wêzen. Aant Mulder silger hat dêr yn 2018 ris oer skreaun. Dat is lykwols in fernijing en in lytse omfraach dy’t ik yn dy snuorje holden ha, hat sjen litten dat lang net alle Friezen deroan meidogge. Wat wol in tradisjonele útsûndering is, dat binne de waarme dranken. Mannich Fries ferwiist dêr tradisjoneel mei froulike foarnamwurden nei: “De kofje is klear, hear, ik sil se ynjitte.”

Hawar, lykas sein, in detail en oft it noch breed brûkt wurdt, doar ik net te sizzen. Dan it oare punt. Dêr kaam ik op troch de folgjende sin út Jan syn brief: “Tsjintwurdich docht him in nije swierrichheid foar no’t de LHBTIQ+-beweging op in genderneutraal taalgebrûk ta wol.”

Schrijver of schrijfster

Oft it wier dy beweging is dy’t ta wol op “genderneutraal taalgebrûk” wit ik net, ik wol hast leauwe dat er breder is as dat, mar dat it in ynfloedrike beweging is dy’t soks wol, dat is wol dúdlik. As ik yn de Volkskrant of yn de Trouw wer ris wat lês oer in ‘skriuwer’ of in ‘leraar’ en in pear sinnen letter docht bliken dat it in frommeske is, dan stûket dat alle kearen by it lêzen. Jan beskriuwt mei de ûntwikkeling wat typysks foar it Nederlânske taalgebiet: yn it Dútske taalgebiet is it krekt oarsom, dêr hat krekt in beweging in soad ynfloed dy’t konsekwint ferskillende wurden foar manlju en froulju brûke wol. Op ‘e Dútske radio heart men hjoed de dei allegeduerigen saken lykas “die Ministerpräsidentinnen und Ministerpräsidenten”, “die Schülerinnen und Schüler” ensafuorthinne.

Oft dat bûten de media in protte oanhing hat, wit ik net. Peilingen litte heeltyd wer sjen dat de measte Dútsktaligen der net folle fan ha moatte.

Fan trije skriuwers kin ien in skriuwster wêze

Foar it Frysk hoecht dat allegear net sa wichtich te wêzen, dat hat syn eigen systeem. Hoe’t dat wurket, haw ik ferline jier ûndersocht. Ik ha goed twahûndert Frysktaligen frege wat neffens har de gewoanste beskriuwing wie fan plaatsjes dêr’t soms inkeld in frommeske op stie, soms inkeld in man en soms beide trochinoar hinne.

It die bliken dat de Frysktaligen yn oergrutte mearderheid itselde wurd brûkten foar de iene man en foar de mingde groep: in buorkjende man wie in ‘boer’, in skriuwende man in ‘skriuwer’, mingde groepen minsken dy’t buorken ‘boeren’ en mingde skriuwende groepen wiene ‘skriuwers’. Foar froulju waarden almeast wat langere wurden brûkt: ‘skriuwster’ en ‘boerinne’. Wie sa’n wurd net foarhannen, dan waard foar froulju by foarkar in wurd tafoege: ‘in froulike jager’.

Dy gegevens haw ik earder dit jier op in kongres fan de Fryske Akademy presintearre. Foar it Nederlânsk haw ik in ferlykber ûndersyk útfierd en apart genôch (of net) jout dat fierhinne deselde útkomsten. De Nederlânsktalige media lykje har dus fan de taal fan de gewoane man ôf te bewegen, wat de neamde peilingen foar it Dútske taalgebiet ek al sjen lieten.

Taal en gender

Tafallich hat de Nederlandse Taalunie hjoed in stik publisearre mei de titel ‘Taal en gender’, dat oer sokke kwestjes yn it Nederlânsk giet. Der wurde in protte frijwat keunstmjittige manieren bepraat om yn ‘e midden te litten oft der oer in man of oer in frommeske praat wurdt. Opfallend is dêrby dat ferwiisd wurdt nei in protte literatuer, mar dat is benammen net-wittenskiplike literatuer, lykas krantestikken en weblogs. De iennichste wittenskiplike titel op ‘e literatuerlist is it boek Masculine Generic Pronouns fan Theresa Redl. Omdat de boarneferwizing fan de Nederlandse Taalunie frijwat ûnkrekt is, is net nei te gean oft de bewearing dat it “steeds meer als onwenselijk beschouwd” wurdt om foar manlju en mingde groepen deselde wurden te brûken, mar om’t der gjin oare wittenskiplike wurken op de list stean, moat ik dat hast wol oannimme. Allinne: dat stiet helendal net yn dat boek. De media ha de ynhâld dêrfan al earder ferkeard werjûn en ik freegje my ôf oft de Taalunie dy ferkearde ynterpretaasje net noch fierder oprekt – of syn ynformaasje út oare boarnen hat en dy net fermeldt, want ien fan beiden moat it doch hast wêze.

Wat Nederlânsk- en Dútsktalige media mei har taal dogge, dêr hat de trochhinne Fries net folle ynfloed op, mar de Fryske media hoege net mei te bewegen yn ien fan de twa rjochtingen dy’t de media yn de gruttere buortalen ynslein ha. Om in frommeske ‘skriuwer’ of in mingde groep ‘skriuwsters en skriuwers’ te neamen, soe de ôfstân ta de folkstaal allinne mar fergrutsje. As de folkstaal dy kant út giet, kinne de media altyd noch folgje, mar dêr liket op ‘t heden gjin sprake fan te wêzen.

augustus 24, 2022 09:01
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Wim augustus 24, 12:07

    Wurdt ‘sy’ foar bisten op skoalle ferkeard rekkene? En is ‘hy’ dan altiten goed? Of binne beide goed?

  2. Breimer augustus 25, 15:57

    Tank, Henk, foar dyn nijsgjirrige oanfollingen!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.