Henk Wolf: Kloklêze

augustus 29, 2022 07:49

Yn de rige oer wurden dy’t net yn de wurdboeken stean, mei kloklêze net ûntbrekke. Doe’t ik in espeltsje minsken frege hoe’t se yn it Frysk en Nederlânsk de feardichheid neame soenen om út de stân fan de wizers fan de klok op te meitsjen hoe let oft it is, wienen se it allegear iens: yn it Frysk kloklêze, yn it Nederlânsk klokkijken. Apart dat sa’n gewoan wurd oant no ta oan de wache eagen fan de wurdboekmakkers ûntkaam is, mar it kin de master fansels misse.

Kloksjen komt oars sporadysk ek wol yn it Frysk foar – it stiet bygelyks mei in foarbyldsin yn it Wurdboek fan de Fryske taal – en benammen yn Flaanderen is kloklezen ek wol yn gebrûk. In hurde taalskieding bestiet dus net tusken it Frysk en Nederlânsk, mar de ferdieling kloklêze yn it Frysk en klokkijken yn it Nederlânsk liket hjoed de dei al fierwei de gewoanste te wêzen.

augustus 29, 2022 07:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.