Helte fan alle kankerdeaden hie te fermijen west
Resint ferskynd
- Provinsje Fryslân sjocht kânsen foar Greidhoeke as bioregio 0
- Poppe nei 18 oeren rêden út metersdjippe put yn Tailân 0
- Arjen Versloot oansteld as ynterim-heechlearaar Frysk yn Grins 0
- Undersyk: dit binne de meast romantyske gemeenten fan Fryslân 0
- Tûzenen minsken yn Turkije en Syrië bringe nacht bûten troch 0

Hast de helte fan alle deadlike kankergefallen hie net nedich west. Yn sokke gefallen is de sykte feroarsake troch ûngesûn libben of troch ûnfoldwaande beskerming op it wurk. De foarnaamste slachtoffers fan de ûnnedige kankergefallen binne manlju. Dat docht bliken út nij wittenskiplik ûndersyk.
In ploech wittenskipslju út ferskate lannen hat de medyske gegevens fan tsien miljoen minsken ûndersocht dy’t yn 2019 oan kanker ferstoarn binne. It die bliken dat 44 persint de sykte oprûn hie troch nuodlik hanneljen.
De útkomst fan it ûndersyk jout neffens projektlieder Christoph Murray fan de Amerikaanske universiteit fan Washington politisy in mooglikheid om troch belied it tal kankerdeaden sterk te ferminderjen.
De ûndersikers hawwe twa soarten risikofaktoaren fûn: ûngesûne tiidkoarting en ûngesûn wurk. Ta de earste groep hearre saken lykas smoken, sûpen, min iten en ûnfeilige seks. Under it twadde skift falle saken lykas it omgean mei gefaarlike stoffen sûnder goede beskerming. Beide soarten risikofaktoaren komme by manlju folle faker foar as by froulju. Dat sjocht men yn de stjertesifers werom: manlju reitsje troch drankgebrûk trije kear safolle libbensjierren kwyt as froulju en troch smoken mar leafst fjouwer kear safolle.
Under kankerdeaden is de meast foarkommende deadsoarsaak longkanker (40 persint fan alle gefallen). By manlju stiet termkanker (13 persint) op it twadde plak, by froulju limoerhalskanker (18 persint).
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje