Goed twatûzen frijwilligers himmelje Noardseekust

augustus 2, 2022 07:39

Juster, moandei 1 augustus, is yn Cadzand en op Skiermûntseach de njoggende edysje fan de Boskalis Beach Cleanup Tour úteinset. Dy grutte himmelaksje stiet yn it teken fan Peuken en de Noardseenatuer. Fyftjin dagen binne goed twatûzen frijwilligers oan it wurk om fan twa kanten de ôf Noardseekust skjin te meitsjen. Mei dy aksje freegje se tagelyk omtinken foar it probleem fan de fersmoarging fan de hiele Nederlânske kust. Moandei 15 augustus wurdt de aksje by Zandvoort ôfsletten en wurde de resultaten bekend makke. 

De grutste argewaasje is wol it fuortsmiten fan sigarettepeuken. Dy besteane foar it grutste part út plestik. Dêr sitte in protte fergiftige stoffen yn. Ien peuk kin wol tûzen liter wetter fersmoargje. Foar in sûne see moatte de strannen frij fan peuken wêze. Dêrom wurde de peuken apart teld. By de aksje fan ferline jier waarden der 57.772 opfandele. Mei it tellen en publisearjen dêrfan makket Stichting De Noordzee dúdlik hoe grut oft dat probleem is. Boppedat wurde de gemeenten mei in petysje oproppen om der wat oan te dwaan.

Alhoewol’t de aksje al geande is kinne nije dielnimmers har noch hieltyd oanmelde op www.beachcleanuptour.nl/etappes. Op ferskillende oare plakken kinne minsken har ek nuttich meitsje. Speciale Noardseenatuerdagen binne der op 12, 13, 14 en 15 augustus yn respektyflik Wassenaar, Katwijk aan Zee, Wijk aan Zee en Zandvoort.

augustus 2, 2022 07:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.