Galery Nuweland reizget fierder

augustus 1, 2022 07:05 Fernijd

De lêste fiif jier hat Galery Nuweland yn Eastersee aktyf west mei it organisearjen fan eksposysjes en projekten en it dielnimmen oan ynternasjonale keunstbeurzen. De eigeners, Anke en Wiebren Bergsma, binne fan betinken dat it tiid wurdt foar refleksje en fernijing. Se gripe dêrom werom nei ien fan de kearnwearden fan Nuweland: trochferwize nei nije geografyske gebieten en nije kulturele konneksjes foar nije generaasjes dat yn it tiidrek fan digitale technology troch keunst mooglik makke wurdt. Dêrom giet Nuweland fierder op reis.

Op sneon 13 augustus fan 13.00 oant 16.00 oere wurdt it earste haadstik feestlik en mei in drankje ôfsletten. Der sil wurk eksposearre wurde fan in selekt groepke keunstners dêr’t Nuweland yn de ôfrûne jierren yntinsyf mei gearwurke hat. Wa’t dat wurk sjen wol kin fan 10 oant en mei 17 augustus allinnich noch op ôfspraak lânskomme. Dêrnei geane de doarren yn Eastersee ticht.

Dat betsjut net dat it mei it aventoer ôfrûn is. Op in oar plak giet it mei âlde en nije gesichten fierder. Dat is te folgjen op www.nuweland.nl, gallery.nuweland.nl en hello@nuweland.nl

Wat de ôfsluting op 13 augustus oangiet: Buorren 31, 8536 TH Eastersee en in ôfspraak foar de tydlike eksposysje: 06-2489 0106.

augustus 1, 2022 07:05 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.