Fryslân kriget op 17 septimber eigen Museumnacht

augustus 9, 2022 09:17

Museumnacht FRL mei keunst, útfieringen en ferhalen yn it tsjuster by tweintich musea

Boarne: Merk Fryslân

Fryslân belibbet op sneon 17 septimber 2022 syn alderearste Museumnacht FRL. Dan iepenje tweintich musea nei slutingstiid de doarren foar in provinsjebrede en dêrmei foar Nederlân unike Museumnacht. Mei ‘de nacht is ús boarterstún’ as sintraal tema is yn ’e musea in aventoerlik en spannend programma fan muzyk, keunst, sprekkers en ferhalen te sjen. It programma fan de earste musea is al online te sjen fia museumnacht.frl.

Nachtlike útstallingen en útfieringen, in stiltedisko, ferhalen dy’t it deiljocht net ferneare kinne, stjerren sjen: mei Museumnacht FRL geane de Fryske musea it eksperimint oan mei in aventoerlik en boartlik programma oer de nacht.

Unyk yn Nederlân
Museumnacht FRL is in inisjatyf fan Museumfederaasje Fryslân en Merk Fryslân, en wurdt stipe troch Provinsje Fryslan. “In Museumnacht is yn grutte stêden in tige oantreklik evenemint, en troch it aventoerlike karakter ek by in jongere doelgroep populêr”, seit Mirjam Pragt fan de Museumfederaasje Fryslân. “De Museumnacht yn Fryslân wurdt boppedat net yn ien stêd mar troch de hiele provinsje holden, dat is unyk yn Nederlân.”

Dielnimmende musea
Oan Museumnacht FRL dogge de neikommende musea mei: Museumhûs Van Eysinga, De Utrecht, Obe by Tresoar, Pier Pander Museum, Frysk Lânboumuseum, Museum Warten, Frysk Skipfeartmuseum, Houtstêd Drylts – museum en wurkpleats, Museum Martena, Kazemattemuseum, Museum ’t Fiskershúske, Kennis- en ynformaasjesintrum Terp Hegebeintum, Museum Dokkum, Fogelsangh State, Observeum, Museum Dr8888, Museum De Jouwer, Museum It Hearrenfean, Museum ’t Kiekhuus en Ir. D.F. Woudagemaal.

augustus 9, 2022 09:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.