Fryske thúsbioskopen socht foar Húskeamerfilmfestival
Resint ferskynd
It Húskeamerfilmfestival siket noch gastfrije filmleafhawwers dy’t harren eigen thúsbioskoop oanbiede. “De belangstelling is grut, mar wy sykje noch nei aardige en ferrassende lokaasjes”, seit Eline van Diggelen út namme fan de organisaasje. It Húskeamerfilmfestival is op freed 14 en sneon 15 oktober. It festival mikt op fyftich dielnimmende húskeamerbioskopen. Op it stuit is hast de helte regele.

Foto: Húskeamerfilmfestival 2022
Op tongersdei 15 septimber is yn de Ljouwerter Pathé in ynformaasjejûn. “Dêr fertelle wy hoe’t men syn eigen filmjûn gearstalt. De kaartferkeap, de ferkeap fan drinken, de projeksje op in filmdoek of wite muorre en it beskikbere filmoanbod. Alles komt foarby.” In filmjûn kin by ien thús, op ’e bank, en op ’e sliepkeamer fan heit en mem. Mar oare lokaasjes, lykas de doarpstsjerke of de fuotbalkantine meie ek. “Der is in beskieden bûssint oan oer te hâlden, mar it giet yn it foarste plak om de gesellichheid en in moaie ûnderfining.”
De ynformaasjejûn is op 15 septimber fan 20.00 oant 22.00 oere, yn de ûnderseal fan de nije Ljouwerter Pathé. Oanmelde fan lokaasje en foar de ynformaasjegearkomste kin fia dit formulier.
It Húskeamerfilmfestival en jongereinprogramma Show don’t tell binne ta stân kommen mei stipe fan Broei, Arcadia, Over de drempel, Het Filmgesprek, Gemeente Ljouwert en Stichting Natte Haring.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje