Fryske gemeenten poerbêst berikber fia e-mail, ôfhanneling kin noch better
Resint ferskynd
- Nije rige ‘Verborgen verleden’ mei ûnder oaren de bruorren Anker 0
- NBE fiert de stêd Napels yn ‘Napolitana’ mei Peppe Barra 0
- Oargelkonsert troch David de Jong yn Doarpstsjerke Huzum op 17 febrewaris 0
- NASA sil kearnoandriuwing yn ’e romte teste om flugger nei Mars te reizgjen 0
- Doede Wiersma: It libben is as toulûken tusken goed en kwea 0
It grutste part fan de Fryske gemeenten is poerbêst fia e-mail te berikken, mar gemeenten litte wol faak stekken falle by de ôfhanneling. Dat docht bliken út ûndersyk fan klantkontaktbehearder Pricon. Dêrby binne alle gemeenten mei e-mailôfhanneling hifke op oanwêzigens fan e-mailadressen en kontaktformulieren op ’e webside, ûntfangstbefêstigingen, reaksjetiid en it ferplichte diele litte fan persoanlike gegevens. As útgongspunt is sjoen nei de e-mailgedrachsline foar oerheden.

Foto: pixabay.com
Yn Fryslân stiet by fjirtjin fan de sechtjin gemeenten (89%) in e-mailadres op ’e webside, wat royaal boppe de lanlike trochsneed fan 75% leit. Dêrmei heart Fryslân, mei Grinslân en Drinte, ta de klantfreonlikste provinsjes as it om berikberens fia e-mail giet.
Undúdlikens oer ôfhanneling
50% fan de gemeenten yn Fryslân hat gjin ûntfangstbefêstiging stjoerd. Dat leit heger as de lanlike trochsneed fan 37%. It giet ûnder oare om de gemeenten It Amelân, De Fryske Marren, Skiermûntseach, Skylge en Weststellingwerf. De e-mailgedrachsline foar oerheden ferplichtet gemeenten om wol in ûntfangstbefêstiging te stjoeren.
Unbeäntwurde e-mails heger as trochsneed
Yn Fryslân reagearje gemeenten wat faker as yn trochsneed op in ienfâldige fraach. Sa wit 72% fan de gemeenten binnen twa wurkdagen in antwurd te formulearjen. Dat hâldt yn dat 28% fan de gemeenten in ienfâldige fraach letter beäntwurdet as yn ’e e-mailgedrachsline foarskreaun stiet.
De gemeenten dy’t net ’e op tiid antwurde hawwe, hawwe nei trije dagen noch hieltyd gjin antwurd stjoerd. Dat binne gemeenten lykas Weststellingwerf, Opsterlân, Eaststellingwerf en Tytsjerksteradiel. Yn 28% fan de gefallen is nei trije wike noch hieltyd gjin antwurd stjoerd. Dat is gâns mear as de lanlike trochsneed (13%).
De folsleine ûndersyksresultaten binne te besjen op: www.pricon.nl/onderzoek-emailgedragslijn-gemeenten.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje