Frysk kampioenskip einekoerflechtsjen op sneon 17 septimber

augustus 30, 2022 08:51

Op sneon 17 septimber hâldt de Fryske Feriening fan Einekoerflechters ‘De Strampel’ it earste Frysk kampioenskip einekoerflechtsjen. Dielnimmers leverje in koer yn en in deskundige sjuery beoardielet de kuorren.

Foto: pixabay.com

Yn ‘e rin fan de dei wurdt bekend makke wa’t de moaiste koer makke hat. De winner kriget in moaie trofee en sil byskreaun wurde as earste kampioen einekoerflechtsjen. It publyk kin ek in stim útbringe op ien fan de kuorren. De koer mei it heechste tal stimmen kriget de publykspriis.

It barren is op it terrein fan ielfisker Ale de Jager yn Reduzum. Njonken de dielnimmende kuorren is der fan alles te belibjen. Op it terrein steane ferskate kreamkes mei ambachtlik guod, flechters jouwe demonstraasjes einekoerflechtsjen, der wurdt ielrikke en der kin in preamrûnfeart makke wurde oer It Swin by de fûken del. In moaie kâns om de ielfiskerij fan tichteby te besjen.

De tagong is fergees.

Datum: 17 septimber
Tiid: 10:00 – 16:00 oere
Plak: Ielfiskerij Ale de Jager, Oan It Swin 9, Reduzum

Foar fierdere ynformaasje kin skille wurde mei Durk Wijnia, foarsitter fan De Strampel op nûmer 06 – 19104042.

augustus 30, 2022 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.