Frysk jongfaam kjel fan hânkakker op spoar

augustus 13, 2022 21:34
Foto: Unsplash

De reis út Fryslân wei nei de grutte stêd kin jin nuvere ferrassings besoargje. Dat merkbiet in jongfaam út Bûtenpost op 28 july, doe’t hja mei it spoar nei Grins ta soe. Hja hie de trein hast fersitten, mar slagge pas ier oan board en doe’t hja ienris siet, begûn in man dy’t foar har oer siet de hânkarre te riden, wylst er har oanstoarre. It wie ek noch in nuversma, mei in tatoeaazje fan in spinne op it gesicht.

De jongfaam wie kein en waard sa kjel fan de man dy’t de lytsfeint bruien joech, dat se it op in âljen sette en har fluch by in moai jierrich span oarsearne yn ‘e trein deljoech. De hânkakker koe it kommentaar op syn bodzjen sa’t it like min fele, want hy raasde werom dat de faam har net mei syn saken bemuoie moast.

De âlde minsken dêr’t de Friezinne beskûl by socht hie, bêden har wat del en seine dat se by har bliuwe soene oant de lobber útstapt wie. Dy sprong op it Grinzer haadstasjon fan ‘e trein en draafde hurd fuort.

De jongfaam is slim teloarsteld dat net ien fan de seis of sân minsken yn de treinwagon har skewield hat, sa seit hja tsjin RTV Noord. Hja hat oanjefte dien fan it skeinen fan ‘e goede seden. Dat koe earst op 11 augustus, fjirtjin dagen nei de ûnnoflike treinreis, mar doe’t hja lang om let by de plysje wie, frege dy wêrom’t de jongfaam sa lang wachte hie. De opnamen fan de befeiligingskamera yn de trein wiene nammentlik wilens ferneatige woarn.

augustus 13, 2022 21:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.