Frysk CDA iens mei Wopke Hoekstra: stikstofdoelen net hillich

augustus 20, 2022 15:41

De Fryske CDA-ôfdieling kin it lykfine mei lanlik partijlieder Wopke Hoekstra. Dy sei freed tsjin it Algemeen Dagblad dat it kabinetsdoel om de stikstofútstjit yn 2030 mei de helte te ferminderjen “niet heilig” is. Neffens de Fryske CDA-foaroanfrou Caroline de Pee binne it oare tiden as doe’t it regearakkoart skreaun waard en soe in oare polityk dêrom rjochtfeardige wêze. Neffens frou De Pree giet har partij net omlizzen foar demonstraasjes fan boeren, mar foarmje dy wol in “eye-opener”. Hja is fan betinken dat de lânbou net allinnich foar it stikstofbelied opstrûpe moat. Fierder mei der neffens har wol langer oer dien wurde om de útstjit te ferminderjen.

augustus 20, 2022 15:41
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma augustus 22, 12:57

    [Hja is fan betinken dat de lânbou net allinnich foar it stikstofbelied opstrûpe moat.]

    Ien fan de alderearste maatregels wie de faasje op de sneldiken werom fan 130 nei 100 kilometer de oere. Dêr hâlde de measten harren oan. Der binne fansels altiten guon dy’t ûntheffing tinke te hawwen. Dus de mienskip docht alle dagen mei en lit de boeren der wier net allinne foar opstrûpe.

    It CDA moat no einlings ris it earlike ferhaal oan ‘harren’ boeren fertelle.

    Wat my oanbelanget binne net de boeren mar de Rabo-, FrieslandCampina-, supermerk- en woarstmagnaten it probleem. Fan dy magnaten binne èn de Roemeenske en Poalske slachters èn de boeren gjin sint wizer wurden. Mar sokke magnaten wolle net ynleverje fansels.

    Men soe hoopje dat se yn De Haach no einlings ris trochdonderje!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.