Frânske helptsjinsten tinke oan rêdingsplan foar wite dolfyn yn Seine

augustus 6, 2022 11:06

De Frânske helptsjinsten litte yn har omgean om in rêdingsaksje op tou te setten foar in wite dolfyn dy’t yn ’e rivier de Seine sjoen is. Om’t it bist sterk fermeagere is, binne de lokale autoriteiten ûngerêst. De beloega waard tiisdei foar it earst sjoen. It bist swimt op it stuit yn ’e Seine yn ’e buert fan de gemeente Vernon, op sa’n santich kilometer ôfstân fan Parys.

Wite dolfyn (foto: Wikipedia/SR EXR [eigen wurk] – publyk domein)

De bistesoarte libbet gewoanwei yn de kâlde arktyske wetters. Hoe’t de wite dolfyn yn ’e Seine telâne kaam is, is ûndúdlik. Neffens de Frânske krante Le Monde hat de wite dolfyn mear as tritich kilometer yn ien dei ôflein.

De autoriteiten roppe minsken op om net tichterby te kommen, sadat it bist net oerstjoer rekket. “De útdaging is om it te fuorjen en it nei de oseaan te begelieden”, seit bistewolwêzenorganisaasje Sea Shepherd France. Om’t de Seine slim fersmoarge is, kin de beloega der neffens Sea Shepherd net bliuwe. Dêrneist is der nochal wat leven yn it wetter, wylst walfiskeftigen tige gefoelich foar lûd binne. Mar it bist út it wetter teakelje, heart net ta de opsjes, seit de organisaasje. De brânwacht, helptsjinsten en biologen hâlde de dolfyn sekuer yn ’e gaten.

Ofrûne maaie besleaten de Frânske autoriteiten om in orka ynsliepe te litten dy’t dagenlang hinne en wer swom by de mûning fan de Seine. In rêdingsaksje om in bist werom nei de see te lokjen mei in drone mei sabeare orkalûden, rûn op neat út. Lês ek dit berjocht fan It Nijs fan 30 maaie 2022.

augustus 6, 2022 11:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.