Flaggedei 2022

augustus 1, 2022 07:15

Foar de fjirde kear organisearret de gemeente Ljouwert Global Goals Flaggedei. Dat sil dit jier wêze op freed 23 septimber. Der wurdt dan omtinken frege foar de 17 Duorsume Untwikkelingsdoelstellingen fan de Feriene Naasjes, de saneamde Global Goals. Dy foarmje in wrâldwide wurklist foar in earlikere, duorsumere en bettere wrâld yn 2030.

De gemeente hat de Global Goals heech en draacht der sels aktyf oan by, net allinne, mar yn ’e mande mei alle ynwenners, bedriuwen en organisaasjes yn de gemeente. Op de Flaggedei set de gemeente ynwenners en organisaasjes dy‘t op eigen inisjatyf in bydrage leverje yn it sintsje. Krekt as by foarige gelegenheden wurde op dy dei de ‘Global Goals-helden’ beneamd. Dat binne de minsken, inisjativen of organisaasjes dy’t alle dagen, belangeleas, de wrâld duorsumer meitsje en it berikken fan de Global Goals tichterby bringe.

Global Goals-helden nominearje
De gemeente wol dy helden graach mei help fan syn boargers selektearje en ropt dêrom elkenien op om duorsume inisjativen, organisaasjes en persoanen te nominearjen as ‘Global Goals-held’ fan 2022. Dat kin elkenien wêze dy’t him op hokker wize dan ek foar de Global Goals ynset. Oant woansdei 31 augustus kin elkenien in nominaasje opjaan. Sjoch foar alle ynformaasje op www.leeuwarden.nl/globalgoals.

Global Goals
Yn 2015 hat de Feriene Naasjes 17 ambisjeuze doelen foar duorsume ûtwikkeling fêststeld: gjin earmoed, gjin honger, goede sûnens en wolwêzen, kwaliteitsûnderwiis, gendergelikensens, skjin wetter en sanitêr, duorsume enerzjy, earlik wurk en ekonomyske groei, heechweardige yndustry, ynnovaasje en ynfrastruktuer, minder ûngelikensens, duorsume stêden en mienskippen, ferantwurde konsumpsje, klimaataksje, libben yn wetter, libben op it lân, frede, feilichheid en sterke publike tsjinsten, sterke partnerskippen.

 

augustus 1, 2022 07:15
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma augustus 1, 10:01

    Sa’n flaggedei hat yn it Nederlân fan no mei al dy omkearde flaggen gjin inkeld doel fansels. Ik seach juster sels in omkoal dy’t de Fryske flagge op ‘e kop hie/hat.

    Helje dy omkearde flaggen earst mar ris út de publike omjouwing!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.