Fêstlein (gedicht)

augustus 13, 2022 09:30 Fernijd

Fêstlein

Yllustraasje: Skelte Braaksma

De hûnen lizze oan it ketting,
ik fiel it, mar it docht my neat.
Set earst wat kofje, dochs út it lead?
Efkes nei bûten, pisje yn ’e feart,
stoarje oer it lân, it eachwyt read.

De hûnen lûke oan de ketting,
ûnrêst wrakselet mei myn ferstân.
It is wier te betiid, stean op, hâld stân!
Dêr stean ik dan, de flesse al yn e hân,
hielendal yn ’e besnijing fan ’e floeibere bân.

De hûnen skuorre oan de ketting.
Ik doch it, ek al hie ik it dy ûnthjitten,
wie wier fan doel de dop sitte te litten.
Nea sil it my slagje, moatst my mar ferjitte,
lit my hjir mar mei Bacchus sitte.

De hûnen binne los.
Ik rin oer it wetter en fiel my bêst,
de drank jout my betrouwen en rêst.
Net sa lulk, fan my hast dochs gjin lêst.
Moarn sil ik stopje, dat stiet hjirby fêst.

De hûnen lizze oan de ketting,
ik fiel it, mar it docht my neat.
Set earst wat kofje, dochs út it lead?
Efkes nei bûten, pisje yn ’e feart,
stoarje oer it lân, it eachwyt read.

Sander Hoekstra

De dichtbondel Brutsen kostet spesjaal foar de lêzers fan It Nijs en De Nije € 15,00 ynkl. ferstjoerkosten. Mail nei sanderhoekstra@icloud.com.

Yllustraasje: Skelte Braaksma

augustus 13, 2022 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.