Feestfilmke premier Marin laat ta opskuor yn Finlân
Resint ferskynd
Yn Finlân is opskuor ûntstien oer in filmke dêr’t premier Sanna Marin dûnsjend en sjongend mei freonen op feestjes yn te sjen is. Kritisy fine it hâlden en dragen ûnfoech foar de regearlieder, mar der is ek stipe foar frou Marin.

Sanna Marin yn 2019 (foto: Wikipedia/Laura Kotila-Valtioneuvoston kanslia – CC BY 4.0)
It filmke dûkte ynearsten op in privee-akkount op Instagram op. Dêrnei rekken de bylden fluch ferspraat fia sosjale media en Finske siden. Sanna Marin hat ûnderwilens reagearre op ’e rebûlje. De 36-jierrige premier seit it ferfelend te finen dat de bylden op ynternet set binne. Neffens har is it filmke in kompilaasje fan twa feestjes fan in pear wike lyn. Se is derop te sjen mei in stikmannich bekende Finnen, mei dêrûnder in sjongeres, in rapper en in telefyzjepresintator.
De lieder fan de nasjonalistyske Finnepartij, de grutste opposysjepartij yn it Finske parlemint, wol dat de premier op drugsgebrûk hifke wurdt. Neffens guon soe in raptekst dy’t yn ’e fideo te hearren is nei drugs ferwize kinne. Marin seit dat se op de feestjes allinnich alkohol dronken hat en wyld feeste hat. Hja seit tsjin in Finske krante ree te wêzen om in drugstest te ûndergean. “Ik haw neat te ferbergjen. Ik haw gjin drugs brûkt.”
“Coolste premier op ’e wrâld”
Frou Marin makke dúdlikdat se neist har wurk en húshâlding ek tiid mei har freonen trochbringt. “Krekt as in protte minsken fan myn âldens.” Hja sei it ek net nedich te finen om dêr wat oan te feroarjen en dat se hopet dat it akseptearre wurdt. It is net de earste kear dat de Finske premier ûnder fjoer leit fanwege feestjes. Earder krige se krityk foar feestjes yn har amtswente en yn desimber gie se nei in nachtklup yn Helsinki nei’t se kontakt hân hie mei ien dy’t posityf op koroana test wie.
De premier kriget njonken krityk ek byfal fan in protte Finnen, dy’t fine dat it normaal is foar in frou fan har jierren om mei freonen feest te fieren. Ferline wike waard frou Marin troch de Dútske krante Bild noch ta ‘coolste premier op ’e wrâld’ útroppen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje