‘Fearkrêft’ as sjyk eufemisme foar kultueriside

augustus 16, 2022 15:57

De ramp dy’t 2nd Conference on Frisian Humanities hjit

Skôging troch Abe de Vries

Abe de Vries. Foto © Tresoar Haye Bijlstra

Fan 14 oant en mei 16 septimber 2022 hâlde Fryske Akademy, RUG en NHL/Stenden in ‘Conference on Frisian Humanities’, yn gewoane taal in Frysk Geasteswittenskiplik Kongres, yn it WTC yn Ljouwert. It is de twadde kear dat se soks dogge: in parade organisearje fan wat se beskôgje as it bêste en nijsgjirrichste en wichtichste wurk dat Fryske ‘geasteswittenskippers’ út ’e wei sette.

It programma fertelt ús op watfoar wurk de organisaasje grutsk is, wêr’t se punten hoopje mei te skoaren op de nasjonale wittenskipsaginda, en wêr’t se mei foarút wolle de kommende jierren. Mar dat programma fertelt ús spitigernôch ek wat oer de kultueriside (‘the systematic destruction of a culture, particularly one unique to a specific ethnicity’) dy’t de organisearjende ynstellingen plege, en fierder plege wolle, en fierder plege sille, op de Fryske letterkundige kultuer.

Fan de mear as santich (70) lêzingen, presintaasjes en diskusjes dy’t oankundige wurde, geane der fiif, direkt of yndirekt, oer Fryske letterkunde. De hiele werklik ûneinige rige oare aktiviteiten betreft ûnderwiiskunde, taalwittenskip, Fryske taalkunde yn it bysûnder, en Fryske, meast midsiuwske skiednis.

Net ien letterkundige komt oan it wurd. Fan de fiif min ofte mear ‘letterkundige’ aktiviteiten op de wurklist giet ien oer it dichterskollektyf Rixt, as soe dat maatskiplik wat betsjutte, troch in studint, ien giet oer Gysbert Japicx/Joast Halbertsma/Obe Postma, in soartemint trije-yn-ienlêzing troch in Dichter fan Fryslân dy’t fan gjin fan trijen ferstân hat, ien giet oer it skriuwen fan in ‘nij Gabe scroar-ferhaal’, troch in skriuwer, en ien giet, alwer, oer Joast Halbertsma, troch taalkundige Eric Hoekstra. Plus der wurdt noch melding makke fan in ‘diskusje’ oer de takomst fan de Fryske letterkunde wêrby’t de partisipanten net neamd wurde.

Ik soe ek in lêzing hâlde, mar doe’t ik murk dat elkenien dy’t wat betsjut yn de Frysk-letterkundige wrâld óf in lekke bân hie en net komme koe, óf hielendal net yn byld wie, óf krekt mei man of frou boadskipje moast, tocht ik, nee, mar ik bin gjin doekje foar it blieden. Net dat de organisaasje wat fan my witte woe oer Waling Dykstra fansels, of oer ien fan de oare tsientallen skriuwers en dichters út de 19e en 20e iuw, dêr’t ik sa by de tiid lâns aardich wiidweidige essees oer skreaun ha – wolnee, it moast oer de Hal-bert-sma’s gean, oeeeee. Wylst mefr. Alpita de Jong, erkend spesjalist sa’t it skynt, yn gjin fjilden of wegen te bekennen is.

It hiele barren wurdt mediageil presintearre as ‘Fearkrêft yn ’e Fryske Geasteswittenskip’. Lês it programma, it is fearkrêft foar, fearkrêft nei, fearkrêft boppe en fearkrêft ûnder. Makket net út dat de lêste audit fan bygelyks it minimale trijetalige ûnderwiis yn de provinsje rampsillich útpakte foar it Frysk, makket net út dat Fryske literatuer op alle fronten swier ûnder druk stiet, makket net út dat it tal Frysklêzers hurder as oait achterút kachelet, makket net út dat Frysk-literêre krityk suver net mear bestiet, makket net út dat Frysk-literêre ûndersyk hast net mear dien wurdt, makket net út dat de Fryske stúdzje oan de RUG aansten wer in klap kriget… Makket net út… Fearkrêft.

En fersin jo net: it binne dizze organisearjende ynstellingen sels dy’t mandélich binne oan de kultueriside op it skriftlik Frysk en der mei entûsjasme oan meidogge. Dy’t der belied fan makke hawwe.

Troch gjin literatuerwittenskippers oan te stellen. Troch noait te protestearjen tsjin skealike oerheidsbesluten, útsein as it har eigen budzjetten oanbelanget. Troch har eigen ûndersikers net út te noegjen op har ‘Akademydei’. Troch de Fryske letterkunde stelselmjittich djip ûnder de grûn te wâdzjen. Troch it opstellen fan stupide nije staveringsregels en it opskjinjen en úttinjen fan monumintale wurdboeken. Troch inkeld mar omtinken te hawwen foar de tige nijsgjirrige, en fansels hiel wichtige, mar wol in lytsepytsebytsje eksoatyske stúdzje fan de ferbûgingsregeltsjes fan midsiuwske tiidwurden.

Gjin sukses tawinske, mei oare wurden.

It orizjineel fan dizze skôging d.d. 15 augustus 2022 is te finen op https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2022/08/fearkreft-as-sjyk-synonym-foar.html

 

 

augustus 16, 2022 15:57
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Sigrid Kingma augustus 17, 22:32

    Wat sneu no wer. As ik frege wurd foar in lêzing oer in letterkundich ûnderwerp, dan wyn ik my der net foarwei. Net yn funksje as dichter, mar as letterkundige, wat ik úteinlik ek bin. It is wier dat letterkunde al jierren ûndersnijd is, en dat fyn ik ek soarchlik. It is oan ús dy’t noed foar literatuerwittenskip stean om oan in tematysk beheind en ûngelokkich ynkadere programma in dochs wat djipgeandere draai te jaan. Okee, der stiet net in promovearre deskundige, mar ik doch myn bêst.

  2. Abe de Vries augustus 18, 05:29

    O sa sneu yndied. Dat je de ferlieding fan de mikrofoan net wjerstean kinne as je frege wurde te praten oer skriuwers en oeuvres dêr’t je noch noait in letter oer op papier set en publisearre hawwe. Soks kin inkeld mar yn Fryslân, inkeld mar yn de Fryske ‘letterkunde’, inkeld mar op in kongres dat oer alle boegen in mislediging is foar keunst en literatuer. Dát, Sigrid, is sneu.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.