Earepinning De Fryske Marren foar Stichting Lemster Skûtsje

augustus 16, 2022 08:25

It Lemster Skûtsje (foto: Wikipedia/Bayke de Vries – CC BY-SA 4.0)

Op sneontemiddei 13 augustus krige de Stichting Lemster Skûtsje de earepinning fan De Fryske Marren, út hannen fan lokoboargemaster Luciënne Boelsma útrikt. De stifting kriget dy gemeentlike ûnderskieding foar de bysûndere prestaasje dy’t it Lemster Skûtsje delset hat troch de SKS te winnen. Boelsma: “It Lemster Skûtsje hat nei 34 jier opnij de SKS wûn. En dat nei twa drege jierren dêr’t troch koroana net yn fearne wurde koe. Dat is echt klasse!”

De earepinning
De earepinning is nei de gemeentelike fúzje yn 2017 ynsteld om organisaasjes of ynwenners te priizjen as bewiis fan hege wurdearring en tankberens foar it leverjen fan bysûndere prestaasjes op maatskiplik, sportyf of kultureel mêd. De pinning is ûntwurpen troch goudsmid Jody de Vries, juwelier op ’e Lemmer. De pinning giet lykop mei in oarkunde.

Utsûnderlik
De earepinning is ien kear earder útrikt, nammentlik yn 2018. Doe naam wethâlder Johannes van der Pal ôfskie nei’t er him foar in perioade fan mear as sechtjin jier ynset hie as wethâlder fan de eardere gemeente Lemsterlân en gemeente De Fryske Marren.

De earepinning is sneontemiddei útrikt by de huldiging fan de bemanning fan it Lemster Skûtsje yn it sintrum fan De Lemmer. Hy is útrikt oan Huite Zonderland fan de stifting en skipper Albert Visser.

augustus 16, 2022 08:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.