Toanielskriuwster Doutsen mocht yn it Frysk ôfstudearje yn Utert

augustus 1, 2022 14:29

De Hogeschool voor de Kunsten yn Utert hie studinte Doutsen van Gosliga tastimming jûn om yn it Frysk ôf te studearjen. De jongfaam fan it Hearrenfean hat dêr tankber gebrûk fan makke en is yn july ôfstudearre as toanielskriuwster. Hja hat it ferslach fan har ôfstudearûndersyk en in toanielstik yn it Frysk ynlevere. It stik is ek opfierd. Hja krige begelieding fan in Frysktalige dosint.

foto: Unsplash

Tsjin Omrop Fryslân fertelde Doutsen dat se yn Utert slim ûnwennich wie fan Fryslân. Har ôfstudeartoanielstik gie ek oer in famke dat har net thúsfielt yn in grutte stêd.

Hja fertelde ek dat hja it Frysk skriuwen troch it folgjen fan ekstra kursussen better oanleard hat. Dêrtroch hat de stúdzje justjes langer duorre, mar dat hie hja der graach foar oer.

Doutsen van Gosliga, dy’t earder al de toanielskoallen dien hat, hat no in tekstburo.

Klik hjir foar mear ynformaasje.

augustus 1, 2022 14:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.