Doede Wiersma: Pastorale wiisheden yn Spreuken

augustus 21, 2022 07:00 Fernijd

Oertinking

Der binne Spreuken dy’t tsjûgje fan djip pastoraal begien wêzen mei de minske. In frou dy’t, nei in soan, ek har man ferlern hie, lake om ien of oar foarfal yn ’e winkel. Immen sei doe: “Jo kinne wer laitsje.” Se fielde har ferret. Mar as salve op ’e wûne wiene de spreuken:

“Sels by it laitsjen kin it hert jin sear dwaan” (14:13) en

“It hert wit allinne fan syn eigen fertriet” (14:10).

Wy makken mei dat in man en frou fertriet hiene om’t se sûnder bern bleauwen.

“Hoopje sûnder útsicht is hertsearich” (13:12a).

As der somtiden nei lang dokterjen dochs in bern kaam, dan belibben wy:

“In begearte dy’t neikomt, is in libbensbeam” (13:12b).

Hiel wat slim siken libben it ús foar:

“Kriich hâldt in sike der boppe-op” (18:14).

Rûnom moeten wy minsken dy’t mei lichemstaal lasterpraat ôfwarden:

“De noardewyn ferdriuwt reinbuien en in strang gesicht de lasterpraatsjes” (25:23).

Hast alle dagen hiene wy wol in foarbyld by:

“Soargen bûge it minskehert del, mar in goed wurd fleuret it op” (12:25; 15:13, 30).

Yn it pastoraat belibben wy faak dat minsken God de skuld joegen fan tsjinslach en sykte: “Hoe kin Er it talitte!” Dan kaam my faak yn ’t sin:

“(Eigen) dwaasheid bedjert de wei (= it libben) fan de minske en dan sprekt er ek noch op tsjin de Heare” (19:3).

De oantrún om wekker te bliuwen by it skeinen fan minskerjochten, yn de lêzing fan hjoed, haw ik nedich en ik hoopje fan jo ek.

Lêze: Spreuken 24:10-12

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
augustus 21, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.