Doede Wiersma: Op kategisaasje west?

augustus 7, 2022 07:00 Fernijd

Oertinking

It magistrale haadstik Mattheüs 5, mei in hiel soad kearnútspraken fan Jezus, einiget mei: “Jimme moatte foar elkenien barmhertich wêze, lykas jim himelske Heit dat is.”

Jona lit witte dat hy yn teory hiel goed wit hoe’t God is. “Ik wist wol,” seit er, “dat Jo in God binne fan genede en barmhertichheid, sunich mei grime, rojaal yn trouwe leafde, in God dy’t it oandeart om ûnheil te bringen.”
Bern dy’t yn âld-Israel op kategisaasje giene, moatte dat wol leard ha. Op ferskate plakken fine wy ommers dy útspraak oer God (Exodus 34:6, Psalm 103:8, 145:8, 86:15, Numeri 14:18, Nehemia 9:17). It is sa spitich dat kristenen sa faak wrede trekken oan God taskreaun ha. Like slim is it as se ûnbarmhertich binne.

It slagget Jona net om barmhertich te wêzen sa’t syn himelske Heit dat is. Slagget it jo en my?
Oan ús huzen, tunen, auto’s en lúkse artikels sjogge wy de rykdom ôf. Noch mar krekt lyn sliepten hjir fjouwer bern yn ien bedstee. Op dit stuit hat elk bern in eigen keamer, mei cd-spiler, telefyzje, kompjûter, djoere klean en skuon. Bern ûnder de tolve ha al hûndert euro yn it jier te besteegjen.

Hoe barmhertich binne wy foar de earmen yn ’e wrâld? Yn 2000 stoaren yn Afrika twa miljoen minsken oan aids. Deart ús dat oan? Barmhertich as ús himelske Heit, binne wy net samar. It is in proses.

Lêze: Jona 4:5-8

[Yllustraasje: De walfisk set Jona oan lân, oaljeferveskilderij fan Jan Brueghel de Alde (1568-1625)]

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
augustus 7, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.