Doede Wiersma – Idealen fan opfieding: wiis

augustus 14, 2022 07:00 Fernijd

Oertinking

De âldere Spreuken begjinne yn haadstik 10.
De earste spreuk jout dúdlik oan dat wiisheid in heech ideaal fan de opfieding is:

“In wize soan/dochter makket syn/har heit bliid” (10:1).

De opfieders dy’t yn Spreuken oan it wurd komme, ha foar de bern wer twa portretten makke: ien fan de wize en ien fan de dwaas.

Dêr daagje se de bern mei út om te kiezen foar ‘it model’ fan de wize.

“Dy’t wiis fan hert is, nimt de geboaden oan” (10:8).

“Dy’t nei rie harket, is wiis” (12:15).

“Wize minsken garje kennis op” (10:14).

“De tonge fan in wiis minske is medisyn” (12:18).

“It ûnderrjocht fan de wize is in boarne fan libben” (13:14).

“Dy’t mei wizen omgong hat, sil wiis wurde” (13:20).

“De wize is hoeden en mijt it kwea” (14:16).

“Yn it hûs fan de wize binne gâns kostberheden en oalje, mar in dwaas minske bringt alles dertroch” (21:20).

“In wiis man is in sterk man” (24:5).

“Spotters bringe in stêd yn ûnstjoer, mar wize minsken bêdzje de grime del” (29:8).

“In dwaas jout syn grime alhiel bod, mar de wize bedimmet syn grime” (29:11).

Krektoarsom is it mei dwazen:

“dy stjerre troch ûnferstân” (10:21) en
“Kweadwaan is foar harren in geniet” (10:23).

Dat it om opfieding giet, blykt út de spreuken: “In heit kin net wiis wêze mei in dwaze soan/dochter” (17:21) en “In dwaas is in fertriet foar syn/har mem” (10:1).
Hoe’t wysheid en rjochtfeardichheid twa hege idealen binne, blykt út:
“De heit fan in rjochtfeardige is bliid en dy’t in wize soan/dochter wûn hat, ferblidet him” ( 23:24).

Lêze: Spreuken 23:15-26

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
augustus 14, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.