Demonstraasje foar frouljusrjochten Afganistan delkneppele

augustus 13, 2022 21:01
Foto: Unsplash / Navid Sohrabi

Yn de Afgaanske haadstêd Kaboel wie sneon in demonstraasje foar frouljusrjochten mei hurde hân beëinige. De meast froulike demonstranten binne ferplichte om it antlit te bedekken, in soad banen binne foar harren ferbean en op in protte plakken meie famkes net mear nei skoalle ta.

It regear wurdt sûnt in jier foarme troch oanhingers fan de ekstreem-islamityske terreurbeweging Taliban. Dy hie ynearsten tasein dat frouljusrjochten net beheind wurde soene, mar dêr is neat fan op ‘e hispel kommen.

Guon froulju dy’t demonstrearren lieten it gesicht sjen. Yn de demonstraasje waarden buorden meidroegen mei gjalpen tsjin de Taliban. Leden fan de Taliban skeaten yn de loft en sloegen op ‘e demonstranten yn om harren te ferjeien.

augustus 13, 2022 21:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.